Vienna Black

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Vienna Black
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Vienna Black.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 maaie 1995
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of Brazil.svg Brazyljaansk
Flag of the Dominican Republic.svg Dominikaansk
Flag of France.svg Frânsk
Flag of Jamaica.svg Jamaikaansk-Kreoalsk
Flag of Scotland.svg Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Vienna Black op Twitter

Vienna Black, echte namme ûnbekend (New York, 27 maaie 1995), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf. Hja sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vienna Black waard yn 1995 berne fan 'e stêd New York. Se is fan mingd Brazyljaansk, Dominikaansk, Frânsk, Jamaikaansk-Kreoalsk en Skotsk etnysk komôf.[1] Black waard grutbrocht yn 'e New Yorkske borough Queens. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, fûn se wurk as fersekeringsaginte. Nei eigen sizzen begûn se in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry om't se it as in feilich fermidden seach om har eigen seksualiteit te ferkennen.

Black makke har debút yn in pornografyske film yn 2017, doe't se 22 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2019 yn 190 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Elegant Angel. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media en Girlfriends Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.

Under har karriêre hat Black yn ien sêne spile mei kollega-aktrises as Bridgette B, Maya Bijou, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Dana DeArmond, Veronica Rodriguez en Vanessa Sky. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mick Blue, James Deen, Sean Lawless, J. Mac, Ramon Nomar en Mark Wood. Njonken har aktearwurk hat Black ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden posearre.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vienna Black is fan mingd ras, mei in hûdskleur dy't ljochtbrún is, mar ek foar blank trochgean kin. Se hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en in natuerlike cupmaat 32C. Se hat gjin tatoeaazjes, mar njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se in piercing troch har lofternoaswjuk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bio, op www.pornhub.com/pornstar/vienna-black.