Maya Bijou

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Maya Bijou
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Maya Bijou.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dezerae Nicole Lyons
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 14 septimber 1997
berteplak Vallejo (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Mexico.svg Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
Maya Bijou op Twitter

Maya Bijou, echte namme: Dezerae Nicole Lyons (Vallejo (Kalifornje), 14 septimber 1997), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2016 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bijou waard yn 1997 berne yn Vallejo, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja is fan Meksikaansk etnysk komôf. Yn 2016, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se ein 2018 yn krapoan 170 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Devil's Film, Hustler Video, Wicked Pictures, Diabolic Video, Zero Tolerance, Digital Playground en Jules Jordan Video.

Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Metro, Girlfriends Films en Mile High Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings en Brazzers. Under har karriêre hat Bijou gearwurke mei kollega-aktrises as Britney Amber, Mercedes Carrera, Marie McCray, Penny Pax en Jennifer White, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Tommy Gunn, J-Mac, Sean Lawless, Sean Michaels en Criss Strokes. Njonken har aktearwurk posearret se ek wol foar neakenblêden.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maya Bijou is in Latina mei in blanke hûdskleur, brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 45 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Hja hat in lytse tatoeaazje fan in symboal oan 'e sydkant fan har lofterboarst. Behalven de wenstige piercings troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing en in tongpiercing.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: