Jennifer White

Ut Wikipedy
Jennifer White
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carly Anne Friedman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 febrewaris 1988
berteplak Agoura Hills (Kalifornje)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
gjint

Jennifer White, echte namme: Carly Anne Friedman (Agoura Hills (Kalifornje), 7 febrewaris 1988), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Joadsk komôf.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jennifer White is berne yn Agoura Hills yn 'e steat Kalifornje, dêr't se ek opgroeid is. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 52 kg. Yn 2009, doe't se ienentweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 150 pornofilms spile, foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Wicked Pictures, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Red Light District, Pure Play Media en Digital Sin. Ek hat se in protte wurke foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros en Reality Kings. Se hat sûnt 2011 seis nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AEBN VOD Award wûn bêste nijynkommelinge n.f.t.
AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Urban X Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Anjanette Astoria) The Session
Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Sloppy Head 3
nominearre bêste point-of-viewsêne (mei Tim Von Swine) Jerkoff Material 6
2013 AVN Award nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Giselle Leon en Mick Blue) Farm Girls Gone Bad
nominearre bêste anale sekssêne (mei Tom Byron) Star Wars XXX: A Porn Parody
2014 AVN Award nominearre bêste aktrise The Stripper

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: