Kortney Kane

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kortney Kane
Kortney Kane 2013.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Courtney Kane, Kourtney Kane
echte namme Hannah Kingry
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 31 july 1986
berteplak  ? (Súd-Karolina)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
www.kortneykane.com

Kortney Kane, echte namme: Hannah Kingry (31 july 1986), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol misstavere wurdt as Courtney Kane of Kourtney Kane. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 32DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kortney Kane waard yn 1986 berne yn 'e steat Súd-Karolina, yn it Amerikaanske Suden. Har earste baantsje wie as skjinmakster op in priveeskoalle, doe't se fjirtjin jier wie. Neffens eigen sizzen hie se datselde jiers har earste seksuële ûnderfining. Net lang nei't se mearderjierrich wurden wie, ferfear se nei de steat Kalifornje, oan 'e Amerikaanske westkust. Dêr wurke hja earst as barkeepster yn in stripklub, ear't hja úteinlik yn 2009 behelle rekke yn 'e pornoyndustry.

Kortney Kane yn 2013.

Kane makke har debút yn in pornografyske film yn 2010, doe't se 25 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Pure Play Media, Adam & Eve, Third Degree Films, Digital Playground, Wicked Pictures, Digital Sin, Zero Tolerance, Penthouse, Jules Jordan Video, Evil Angel, Red Light District, Devil's Film en Vivid Entertainment. Dêrnjonken hat se ek foar ferskate Jeropeeske studio's wurke, wêrûnder it Sweedske Private en it Dútske Magmafilm. En ek hat Kane in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Muffia en PornPros. Yn 2013 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Njonken har aktearwurk posearret Kane ek as neakenmodel foar in ferskaat oan neakenblêden. Yn 2013 stie se op dy manear as Miss Oktober yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Penthouse. Kourtney Kane wennet op 't heden (2014) yn Los Angeles.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre ûnderwurdearre stjer n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: