Jaylene Rio

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jaylene Rio
Jaylene Rio.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Daylene Rio, Santi
echte namme Andrea Bravo
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 16 april 1975
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Mexico.svg Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
prostituee
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.msjaylenerio.com

Jaylene Rio, echte namme: Andrea Bravo (Los Angeles, 16 april 1975), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en prostituee fan Meksikaansk etnysk komôf, dy't benammen bekend stiet om har natuerlike grutte boarsten. Hja hat yn it ferline ek wol wurke ûnder de artystenammen Daylene Rio en Santi.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jaylene Rio waard yn 1975 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se ek opgroeid is. Yn 2008, doe't se 33 jier wie, spile se foar it earst yn in pornografyske film, wêrby't se daliks opfoel fanwegen har natuerlike grutte boarsten. Neffens har offisjele opjefte is Rio 1.60 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36EEE of 37F, ôfhinklik fan 'e beha. Hoewol't har boarsten "puer natuer" binne, hat hja al ymplantaten yn har stuten ynbringe litten.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Rio sûnt har debút, yn 2008, yn likernôch 45 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Sin, Hustler Video, Evil Angel, Devil's Film en New Sensations. Ek hat se in protte wurke foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros en Brazzers. Dêrnjonken posearre hja ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden fan it grutte-boarstesjenre, wêrûnder Score, wêrfoar't hja ek yn in stikmannich fideo's ferskynde. Njonken har aktear- en modellewurk is Rio ek beskikber as eskort.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: