McKenzie Lee

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
McKenzie Lee
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
McKenzie Lee 2010.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paula McQuone
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 16 maaie 1979
berteplak Leicester (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
Flag of Scotland.svg Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20032006 & 20092013
offisjele webside
clubmckenzielee.com

McKenzie Lee, echte namme: Paula McQuone (Leicester, 16 maaie 1979), is in rêstend Britsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Ingelsk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 32DD, dy't se krigen hat troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Lee hat sein dat se harsels beskôget as biseksueel. Hja hat twa dochters.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McKenzie Lee is hikke en tein yn 'e stêd Leicester, yn it Ingelske greefskip Leicestershire. Yn fraachpetearen hat se oanjûn dat har mem nymfomane trekjes fertoande, en dat se fanôf in jier as fiif fierhinne troch har heit grutbrocht is. Se wie in hoart cheerleader foar de fuotbalklub Leicester City F.C., foar't se úteinlik in karriêre as stripper begûn yn in ferskaat oan Ingelske stripklubs, earst yn Birmingham en letter yn Londen. Yn totaal wurke se seis jier as stripper foar't se yn 2003, doe't se 24 jier wie, har debút makke yn in pornografyske film.

McKenzie Lee (rj.) mei Jenna Jameson, yn 2005.

Yn 'e jierren dêrnei wurke Lee û.m. foar it Sweedske Private-label en mei hast de hiele Britske pornoyndustry. Se stie as neakenmodel yn 'e Britske edysje fan 'e Playboy en presintearre op 'e Britske beteltillefyzje de programma's Night Callers en Babe Cast. Ein 2004 ferfear Lee nei de Feriene Steaten, dêr't se foar it earst op Playboy TV ferskynde yn it programma Night Calls, op âldjiersjûn 2004, om dêrnei yn 2005 as ynterviewster foar Playboy de útrikking fan 'e AVN Awards te ferslaan. Dy jûns kaam se foar it earst yn 'e kunde mei pornostjer Jenna Jameson. Op 22 maart 2005 tekene Lee in kontrakt by Jameson har studio ClubJenna; dat wie trije wiken nei't se yn Amearika úteinset wie mei wurkjen.

Yn 2006 loek Lee har werom út 'e pornoyndustry, mar yn 2009 makke se in comeback. Yn oktober fan dat jier tekene se in kontrakt mei de studio Digital Playground, mar dat ferbriek se al nei twa moannen. Neitiid wurke se foar harsels, oant se har úteinlik yn 2013 op 'e nij út 'e pornoyndustry weromloek, en diskear wierskynlik foargoed, mei't se ek har webside opdoekte.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Lee yn totaal yn 133 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as ClubJenna, Private, Digital Playground, New Sensations, Evil Angel, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Penthouse, West Coast Productions, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Adam & Eve, Third Degree Films, Sin City, Hustler Video, Pure Play Media, Diabolic Video, Shane's World, Digital Sin, Devil's Film en Red Light District. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Naughty America en Reality Kings. Lee hat ienris, yn 2006, in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) wûn, en troch de jierren hinne hat hja der nochris sân nominaasjes foar yn 'e wacht sleept.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 Adam Film World Guide Award wûn kontraktstjer fan it jier (by ClubJenna) n.f.t.
AVN Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Alicia Rhodes en Jazz Duro) Cum Swappers 2
2007 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (film) (mei Marco Banderas, Ben English en Scott Nails) Jenna's Provocateur
nominearre bêste anale sekssêne (film) (mei Marco Banderas, Ben English en Scott Nails) Jenna's Provocateur
nominearre bêste groepsekssêne (film) (mei Marco Banderas, Ben English en Scott Nails) Jenna's Provocateur
nominearre skandalichste sekssêne Jack's Teen America: Mission 9
nominearre kontraktstjer fan it jier (mei ClubJenna) n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Jayden Jaymes en Phoenix Marie) Prison Girls

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.