Springe nei ynhâld

Adam Film World Guide Award

Ut Wikipedy
Adam Film World Guide Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch Adam Film World Guide
frekwinsje 1x jiers
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1981
1e útrikking 1981
opheft 2008
offisjele webside
n.f.t.

De Adam Film World Guide Awards (of AFWG Awards) wiene in groep Amerikaanske prizen dy't fan 1981 oant 2008 ienris yn it jier takend waarden foar de bêste pornografyske films. Dizze prizen waarden útrikt troch it tydskrift Adam Film World Guide. Se kamen fuort út 'e âldere X Caliber Awards, dy't it blêd Adam Film World fan 1976 oant 1978 útrikte. De wichtichste reden om dy yn 1981 ûnder in oare namme nij libben yn te blazen, wie om 'e lansearring fan it sustermagazine Adam Film World Guide buorkundich te meitsjen.

Oars as de measte pornografyprizen, dy't ien winner yn in grut tal ûnderskate kategoryen útroppe, hiene de Adam Film World Guide Awards de earste tweintich jier mar in pear kategoryen (te witten: bêste films, bêste fideo's, bêste sekssênes, bêste manlike en froulike akteurs en bêste regisseurs), mar beneamden se yn elkmis fan dy kategoryen in top 10. Yn 2002 waard lykwols it roer omsmiten. Fan doe ôf oan waard it stramyn fan oare prizen folge mei 53 kategoryen dy't mar ien winner hiene.

Trochdat elkenien oergie op digitale opnamemetoaden, ferdwûn ek it ferskil tusken films dy't op it medium film opnommen wiene en dy't op fideo opnommen wiene, dat yn 2005 waarden de kategoryen bêste film en bêste fideo gearfoege. Yn 2007 fûn der foar it lêst in útrikkingsseremoanje plak; de winners fan 'e lêste Adam Film World Guide Awards, yn 2008, waarden publisearre yn it julynûmer fan 'e Adam Film World Guide. Under de pornoaktrises dy't in Adam Film World Guide Award wûn hawwe, binne Jenna Jameson, Amy Ried, Mika Tan en Sienna West.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.