Sienna West

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sienna West
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Sienna West at AVN Adult Entertainment Expo 2012 1.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Siena West
echte namme Veronica Teixeira Weinstock
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 6 novimber 1977
berteplak Orange (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Uruguay.svg Oerûguayaansk
Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of Portugal.svg Portegeesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
www.siennawest.com

Sienna West, echte namme: Veronica Teixeira Weinstock (Orange (Kalifornje), 6 novimber 1977), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Oerûguayaansk, Dútsk en Portegeesk komôf, dy't berne is yn Orange, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Har artystenamme wurdt ek wol misstavere as Siena West.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sienna West, wa har âldelju oft allebeide út Oerûguay komme, brocht har iere bernejierren troch yn Kalifornje. Doe't se tsien jier wie, ferhuzen se nei Floarida. Doe't hja âlder wie, die hja dêr oan ferskate bikinywedstriden mei. Nei har skoaljierren wurke se as ferkeapster yn in kleanwinkel en as servearster yn in Hooters-restaurant (dat him foarstean lit op it rûnboarstich foarkommen fan it personiel). Uteinlik ferhuze se werom nei Los Angeles, dêr't se njoggen jier lang as stripper wurke yn 'e meast eksklusive stripklubs en ûnderwilens in protte kontakten lei yn 'e pornoyndustry.

West makke har debút yn in pornografyske film yn 2007, doe't se tritich jier wie. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as hûndert films spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy, foar labels as Vivid Entertainment, Brazzers, Penthouse, Digital Sin, Adam & Eve, Bang Productions en Evil Angel. Yn 2007 wûn se de Adam Film World Guide Award yn 'e kategory milf fan it jier, en yn 2008 sleepte hja in nominaasje yn 'e wacht foar sawol de AVN Award yn 'e kategory milf/cougar fan it jier, as de CAVR Award foar milf fan it jier.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 Adam Film World Guide Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2008 AVN Award nominearre milf/cougar fan it jier n.f.t.
CAVR Award nominearre milf fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: