Dakota Skye (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dakota Skye (pornografysk aktrise)
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Dakota Skye (aktrise).jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Dakota Doll, Dakota Green,
Brooklyn Kaye, Kota Sky
echte namme Lauren Kaye Scott
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 17 april 1994
berteplak Tampa (Floarida)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, webcamgirl,
pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Dakota Skye op Twitter

Dakota Skye, echte namme: Lauren Kaye Scott (Tampa, 17 april 1994), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't harsels ek wol Kota Sky neamt. Fierders hat se yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Dakota Doll, Dakota Green en Brooklyn Kaye. Hja sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skye waard yn 1994 berne yn Tampa, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Hja is fan etnysk Skotsk komôf. As lyts famke siet se op sawol ballet as turnjen. Yn it fuortset ûnderwiis spile se de trompet yn it muzykkorps fan har skoalle, en wie se dêrnjonken aktyf as cheerleader. Nei eigen sizzen hie se op har trettjinde foar it earst seksuële omgong mei in jonge. Behalven yn Floarida wenne Skye yn har middelbere-skoaltiid ek yn Ohio en Kentucky. Yn dy lêste steat makke se de skoalle ôf, wêrnei't se yn 't earstoan nachts wurke as fakkefolster foar de supermerkkeatling Walmart.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't se achttjin jier en dêrmei mearderjierrich wurden wie, begûn Skye in wurkpaad as webcamgirl. Dêrfoar naam se de skûlnamme 'Dakota Skye' oan, wêrfan't it earste diel in earbetoan is oan aktrise Dakota Fanning, wylst it lêste part ferwiist nei har eigen himelsblauwe (sky blue) eagen. Yn 2013, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se ein 2018 yn mear as twahûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Penthouse, Wicked Pictures, Jules Jordan Video, Digital Sin, New Sensations, Hustler Video en Digital Playground. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.

Dakota Skye har ûnder har karriêre sênes opnommen mei kollega-aktrises as Ava Addams, A.J. Applegate, Summer Brielle, Casey Calvert, Adriana Chechik, Ariella Ferrera, Jillian Janson, Julia Ann, Brandi Love, Janet Mason en Penny Pax. En ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers lykas Mike Adriano, Jordan Ash, Mick Blue, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Lance Hart, J-Mac, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Evan Stone, Chris Strokes, Bruce Venture en Mark Wood. Yn 2015 waard Skye nominearre foar twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), yn 'e kategory bêste triosekssêne (f/m/m), foar har sêne yn 'e film From Both Ends 2, en yn 'e kategory bêste nije stjer.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skye is in wier hûneleafhawwer en hat sels twa hûnen. Op 4 juny 2017 waard se yn Pinellas Park, yn Floarida, arrestearre foar mishanneling fan har freon. Dy lei in ferklearring ôf wêryn't er bewearde dat se seks hân hiene, en dat er dêrnei woe dat se syn hûs ferliet. Skye wie lykwols oan 'e tillefoan en wegere fuort te gean ear't se har petear ôfrûne hie. Doe't har freon folhold dat se fuort moast, soe se him oanfallen hawwe, wêrby't se him sa'n terwinkel ferkocht dat er in sneed yn syn lippe oprûn. Hy skille dêrop de plysje dy't har oppakte en de arrestaasje ferwurke, wêrnei't se op persoanlike boarchtocht frijlitten waard. It is net bekend oft de saak ea foar de rjochter kommen is.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dakota Skye is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 45 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek piercings troch har beide spiennen, har rjochternoaswjuk en it fel fan har lofterwang, likernôch healwei tusken har bûtenste eachhoeke en har ear. Fierders hat se twa ferskate tatoeaazjes: ien fan in blom op har lofterheup, ien fan in fûgel op har rjochterskouder.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2015 AVN Award nominearre bêste triosekssêne f/m/m (mei Jordan Ash en Ramon Nomar) From Both Ends 2
nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: