Springe nei ynhâld

Tiffany Doll

Ut Wikipedy
Tiffany Doll
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Cecille, Coco, Ella James,
Tiffany D
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 20 maaie 1986
berteplak Cherbourg (Normandje)
etnisiteit Frânsk
Fjetnameesk
Tunezysk-Arabysk
reg. identiteit Normandysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
Tiffany Doll op Twitter

Tiffany Doll, echte namme ûnbekend (Cherbourg, 20 maaie 1986), is in Frânsk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Cecille, Coco, Ella James en Tiffany D. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films yn sawol Jeropa as de Feriene Steaten. Doll stiet bekend om har atletyske uterlik en har tige lange hier. Se hat al sân kear nominearre west foar in prestizjeuze AVN Award.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tiffany Doll waard yn 1986 berne yn Cherbourg, oan 'e Atlantyske kust fan 'e Frânske regio Normanje. Hja is fan mingd Normandysk-Frânsk, Fjetnameesk en Tunezysk-Arabysk etnysk komôf. Yn 2010, doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film yn 'e pornoyndustry fan 'e Britske haadstêd Londen. Datselde jiers wûn se de titel Miss Top Girl op 'e erotykbeurs fan 'e Tsjechyske haadstêd Praach. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin begjin 2019 yn 337 films spile, hoewol't dêrby oantekene wurde moat dat de IAFD in Amerikaanske database is, dy't inkeld bûtenlânske films opnimt ynsafier't dy't yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne.

Doll hat yn Jeropa wurke foar filmstudio's as it Frânske Vidéo Marc Dorcel, de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, it Sweedske Private en it Spaanske Woodman Entertainment. Dêrnjonken hat se ek in protte yn 'e Feriene Steaten aktyf west, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, New Sensations, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Digital Sin. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende Noardamerikaanske studio's, lykas it Amerikaanske Pure Play Media en Girlfriends Films, en it Kanadeeske Mile High Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, Brazzers, Naughty America, Kink.com en Blacks on Blondes. Ien fan 'e bekendste films dêr't Doll by belutsen wie, is Baiser, fan 'e Frânske stjoerder Canal+.

Under har karriêre hat Tiffany Doll yn sênes spile mei kollega-aktrises as Britney Amber, Alexis Brill, Lily Carter, Erica Fontes, Marica Hase, Allie Haze, Henessy, Anissa Kate, Kerry Louise, Sharon Lee, Chastity Lynn, Jureka del Mar, Evita Pozzi, Luna Rival, India Summer, Juelz Ventura, Dana Vespoli, Marina Visconti en Jennifer White. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Danny D, Mark Davis, James Deen, Ben Dover, Erik Everhard, Keiran Lee, Mr. Marcus, David Perry, Mr. Pete, Toni Ribas, Lexington Steele, Leslie Taylor, Bruce Venture, Mark Wood, Pierre Woodman en Prince Yahshua. Doll hat anno 2019 sân kear nominearre west foar in Amerikaanske AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), wêrûnder fjouwer jier efterinoar (fan 2014 oant en mei 2017) foar de priis yn 'e kategory bûtenlânske artyste fan it jier.

Tiffany Doll hat in relaasje mei de Frânske pornoakteur Bruno Sx. Yn in fraachpetear hat se oanjûn dat se hâldt fan Belgyske sûkelarje, tulpen, rockmuzyk, sulverne sieraden en de kleur pears.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doll hat in blanke hûdskleur en in atletysk uterlik, mei brune eagen en brún hier, dat se faak tige lang groeie lit. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Se hat gjin tatoeaazjes, mar wol piercings troch har earlellen en klitoris, mei dêropta in nâlpiercing en in tongpiercing.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2012 Urban X Award nominearre bêste triosekssêne (mei Prince Yahshua) Prince the Penetrator
2014 AVN Award nominearre bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
2016 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei XXX) Baron's Whores
nominearre favorite froulike pornostjer (publykspriis) n.f.t.
nominearre bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
2017 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei ferskate oaren) Gangbang and Orgies Oh My
nominearre bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
2018 XCritic Award nominearre bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: