Luna Rival

Ut Wikipedy
Luna Rival
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Luna Loup
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 24 jannewaris 1997
berteplak Dijon (Boergonje)
etnisiteit Frânsk
reg. identiteit Boergondysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, webcamgirl,
pornoaktrise
jierren aktyf 2015 – no
offisjele webside
Luna Rival op Twitter

Luna Rival, echte namme ûnbekend (Dijon, 24 jannewaris 1997), is in Frânsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Luna Loup (loup is Frânsk foar "wolf"). Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn pornoyndustry en wurke sûnt sawol yn Jeropa as yn 'e Feriene Steaten. Rival hat har spesjalisearre yn 'e lolitapornografy.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rival waard yn 1997 berne yn Dijon, de haadstêd fan 'e Frânske regio Boergonje. Nei't se de middelbere skoalle ôfmakke hie, woe se earst in horeka-oplieding dwaan, mar troch har fassinaasje foar it medium fan 'e fotografy rekke se al ier behelle yn 'e seksyndustry. Fuort nei't se achttjin jier, en dêrmei mearderjierrich, wurden wie, sette Rival yn 2015 útein mei in wurkpaad as webcamgirl.

Oan 'e ein fan augustus 2015 makke Rival har debút as pornoaktrise, mei in rol yn 'e pornografyske film French Bukkake 2, wêrfoar't se de skûlnamme Luna Loup brûkte. Se liet har ynskriuwe by Brillbabes, it grutste pornografyske ympressariaat fan Jeropa, dat fêstige is yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Rival lei har ta op it sjenre fan 'e lolitapornografy, en wûn dêrmei yn har heitelân Frankryk al rillegau in beskate populariteit. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Rival begjin 2019 yn mear as 130 films spile, al moat dêrby oantekene wurde dat de IAFD in Amerikaansk-oriïntearre database is, dêr't inkeld bûtenlânske produksjes yn opnommen wurde ynsafier't dy yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne. It wiere tal films dêr't Rival yn spile hat, sil sadwaande nei alle gedachten heger lizze.

Hja hat fral wurke foar Jeropeeske filmstudio's, lykas it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Britske Killergram en it Sweedske Private. Fierders hat se yn 'e Feriene Steaten yn 't spier west foar studio's as Hustler Video, Evil Angel, Third Degree Films, Jules Jordan Video en Devil's Film, en foar pornografyske websiden as Reality Kings en Kink.com. Under har karriêre hat Rival gearwurke mei kollega-aktrises as Tiffany Doll, Arwen Gold en Henessy, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Bill Bailey, Marco Banderas, Danny D, Erik Everhard, Richard Langin, David Perry en Rocco Siffredi.

Yn 2017 makke Rival foar it earst in crossover nei de mainstream-filmyndustry, mei in rol yn 'e Britske horrorfilm Outbreak of the Dead.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Luna Rival is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m lang, mei in gewicht fan 45 kg, en in natuerlike kupmaat 32A. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in tongpiercing, in nâlpiercing en in piercing troch har lofterspien. Tatoeaazjes hat se lykwols net.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: