Richard Langin

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Richard Langin
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Richard Langin.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Richard Lengin, Richard Largin,
Richard Lengrin, Richard Lenqin,
Richard Longine
echte namme Richard Langin
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
berne 29 oktober 1963
berteplak ûnbekend (yn Frankryk)
etnisiteit Flag of France.svg Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 19802012
offisjele webside
gjint

Richard Langin (29 oktober 1963), is in rêstend Frânsk pornografysk akteur, waans namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Richard Lengin en Richard Longine. Hy hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Richard Largin, Richard Lengrin en Richard Lenqin. Langin sette yn 1980 útein mei in wurkpaad as pornoakteur, wêrby't er yn in grut tal films spile. Yn 2012 loek er him nei 32 jier út 'e pornoyndustry werom.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Langin waard yn 1963 earne yn Frankryk berne. Hy begûn syn karriêre as pornoakteur tsjin 'e ein fan 1980, doe't er noch mar santjin jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), dy't foar him weromgiet oant 1989, spile er yn 515 pornografyske films, mar oan dy telling ûntbrekke in stikmannich wurkjierren. Langin wie benammen aktyf foar Jeropeeske labels, lykas de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, it Sweedske Private en it Dútske Videorama, Magmafilm en Sascha Alexander Productions. Dêrnjonken spile er ek wol yn produksjes fan bekende Amerikaanske filmstudio's, lykas VCA Pictures, Evil Angel, Anabolic Video en Sin City.

Under syn lange karriêre wurke Langin gear mei aktrises as Nikki Anderson, Ania, Sharon Ashe, Erika Bella, Dru Berrymore, Laura Black, Gabriella Blicq, Anita Blond, Blondie, Gabriella Bond, Dolly Buster, Rita Cardinale, Luma Carioca, Tabatha Cash, Julia Chanel, Vivienne Clash, Monique Covét, Ivy Crystal, Sandra Dark, Tricia Devereaux, Barbara Doll, Carole DuBois, Sophie Evans, Rita Faltoyano, Nicolette Fauludi, Anita Gyöngy, Simone Horvath, Hedvig Kaser, Joy Kiss, Melissa Lauren, Joo Min Lee, Kristina Lion, Laura Lion, Mafalda, Tonisha Mills, Angelica Mirai, MoniKat, Demia Moor, Suzan Nielsen, Peggy Sue, Francesca Petitjean, Moana Pozzi, Olivia del Rio, Karma Rosenberg, Aliza Rusk, Tania Russof, Silvia Saint, Alexandra Schiffer, Gabrielle Scream, Julia Spain, Ilona Staller (Cicciolina), Lara Stevens, Natasha Storm, Su Ann, Julia Tchernei, Agnes Tilli, Coralie Trinh Thi, Zara Whites, Gina Wild, Cassandra Wilde en Sarah Young.

Fral Langin syn langjierrige gearwurking mei de Frânske regisseur Pierre Woodman, foar Private, wie opfallend. Private-films fan Woodman dêr't Langin yn te sjen is, binne bygelyks: The Pyramid diel 1 en 3; The Gigolo diel 1 en 2; Sweet Baby diel 1 en 2; Cape Town diel 1 en 2; en Kruger Park. Foar syn rol yn The Pyramid 1 wûn er yn 1997 in Hot d'Or, dat doedestiden de wichtichste pornografypriis fan Jeropa wie (mar ûnderwilens opheft is). Yn 2012, doe't er 49 jier wie, stoppe er mei syn wurk as pornoakteur.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn
1997 Hot d'Or wûn bêste byrol fan in akteur The Pyramid 1

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: