Gina Wild

Ut Wikipedy
Gina Wild
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michaela Schaffrath
nasjonaliteit Dútsk
berne 6 desimber 1970
berteplak Eschweiler (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
prostituee
jierren aktyf 19992001
offisjele webside
www.michaela-schaffrath.de

Gina Wild, echte namme: Michaela Schaffrath (Eschweiler, 6 desimber 1970), is in rêstend Dútsk neakenmodel, pornografysk aktrise en prostituee, dy't no aktyf is as mainstream-aktrise.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wild waard berne yn it Dútske Eschweiler, tichteby Aken, yn 'e dielsteat Noardrynlân-Westfalen. Hja wie ferpleechster doe't hja yn 1999, doe't se 29 jier wie, úteinsette mei in karriêre as pornoaktrise nei't hja neaken posearre hie yn it Dútske neakenblêd Coupé. Under de artystenamme Gina Wild waard se ek ynternasjonaal bekend, en se wûn twaris in Venus Award, in wichtige Jeropeeske pornografypriis, de earste kear yn 1999, yn 'e kategory bêste nije stjer, en de twadde kear yn 2000, foar bêste Dútske aktrise. Se joech frijwat opsjoch doe't se meidie oan in gangbangfilm, wêryn't se seksuële omgong hie mei mear as tritich manlju. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn tsien pornofilms.

Yn 2001 loek Wild har út 'e pornoyndustry werom en lei se har ta op it ûntjaan fan in mainstream-aktearkarriêre. Sûnt hat se meispile yn in ferskaat oan Dútske tillefyzjesearjes, lykas TV Total, In Aller Freundschaft en Wer Wird Millionär? Nei't se werkend wie troch in fan, joech Wild yn 2003 ta dat se njonken har aktearen ek as prostituee wurke yn in bordeel yn Frankfurt am Main, mar dêr heakke se oan ta dat se dat net die fanwegen it jild, mar om't se ferslave wie oan seks. Yn 2005 die se de rjochten op 'e artyste- en merknamme Gina Wild yn 'e ferkeap, wêrmei't se besocht om har pornoferline fan har ôf te skodzjen. Har manager is har eardere man, mei wa't se noch altyd op freonskiplike foet libbet. Hja wennet ôfwikseljend yn Hamburch en Frankfurt.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1999 Venus Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
2000 Venus Award wûn bêste Dútske aktrise n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.