Aken (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aken
Aachen
KaiserKarlsGymnasium.jpg
Sifers
Ynwennertal 240.086 (2012)
Oerflak 160,84 km²
Befolkingstichtens 160,84 / km²
Hichte 125 - 440 (173) m
Polityk
Lân Dútslân
Provinsje Noardryn-Westfalen
Boargemaster Marcel Philipp (CDU)
Oar
Tiidsône UTC+1
*Simmertiid UTC+2
Koördinaten
Webside (dú) www.aachen.de

Aken (Dútsk: Aachen, Frânsk: Aix-la-Chapelle) is in stêdsdistrikt (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit deunby de grins mei Nederlân en Belgje, en sa'n 55 kilometer westlik fan de Dútske stêd Keulen.

De agglomeraasje fan Aken rikt oer de lânsgrins en hat plakken lykas Vaals en Kerkrade yn Nederlân en Kelmis yn Belgje.

Aken hat in lange skiednis en in ferneamde Dom. Aken wie it plak dêr't Karel de Grutte it leafst residearre en letter it plak êr't de Roomsk-Dútske keningen harren kroane lieten.
It is teffens in yndusriëel sintrum yn in gebiet dêr't stienkoal dylge wurdt en in wichtich spoarknooppunt mei oansluting op it hegesnelheidsspoar nei Keulen en Luik en de Montzenrûte nei de haven fan Antwerp. It fleanfjild fan Aken, Maastricht Aachen Airport, leit yn Nederlân, sa'n 30 km fan de stêd, tichteby it Limburchske Beek.

De RWTH Aken (Rheinisch-Westfälische Technische Hochschule) is ien fan de wichtichste technyske universiteiten, fral foar wurktúchboukunde, auto- en produksjetechnyk.

 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte
Aken (stêd) - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Münster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal