Dom fan Aken

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Domtsjerke fan Aken")
Gean nei: navigaasje, sykje
Domtsjerke fan Aken

De Dom fan Aken (Dútsk: Aachener Dom) is in katolike tsjerke yn de Dútske stêd Aken. It is de âldste katedraal fan Noard-Europa, dy't boud waard yn opdracht fan keizer Karel de Grutte. Keizer Karel waard hjir nei syn dea yn 814 byset. Yn it tiidrek 936-1531 wie de Paltskapel it plak dêr't tritich keningen en tolve keninginnen kroand waarden. De tsjerke is tsjintwurdich de katedraal fan it yn 1802 oprjochte bisdom Aken.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plattegrûn fan de domtsjerke
Boufazes fan de keizerdom
Oktogoon rjochting koer
Goatysk koer

Om 796 hinne bêgûn Karel de Grutte tagelyk mei de bou fan syn paleis en mei de bou fan de Palstkapel. Boumaster wie Odo fan Metz, dy't nei alle gedachten fan Armeensk komôf wie. Model foar de bou stiene byzantynske bouwurken, lykas de Basilyk fan San Vitale yn Ravenna en de lytse Hagia Sophia yn Konstantinopel. It ûntwerp fan de kapel wie in oerkoepele achthoekige binnenromte, dy't ommantele waard troch in sechtjinhoekige bûtenmuorre. Op it westen slute in oanbou fan twa ferdjippings oan mei oan wjerskanten treptuorren. It portaal foar it westwurk datearret út de 18e iuw en it dêr boppe út de goatyske tiid. Wannear't de krekte foltôging fan de kapel wie is net wis, mar neffens in hânskrift út 798 wie de kapel doe hast klear en yn it jier 805 wijde paus Leo III de foltôge kapel yn. Wytsings brochten by in ynfal tsjin de ein fan de 8e iuw in soad skea oan it bouwurk, mar yn 983 folge it herstel.

Keizer Freark I, ek bekend ûnder de namme Barbarossa (Readburd), liet foar it koepelferwulft fan it oktogoon (achthoeke) in keunstsinnige ljochter meitsje, dy't der ek no noch hinget. De kroaningskapel waard mei it hillig ferklearjen fan Karel de Grutte yn 1165 de haadtsjerke fan it Ryk. It oerskot fan Karel krige in skryn, dy't yn de kapel in plak krige. Aken waard dêrmei ien fan de belangrykste beafeartsplakken fan Europa.

Tusken 1355 en 1414 waard út ein set mei de bou fan in nij eastlik koer. Hjirfoar moast it âlde, rjochthoekige koer ôfbrutsen wurde. De bûtenmuorren besteane safolle mooglik út ramen, dy't mei in hichte van 25,5 meter ta de heechste goatyske ramen fan Europa rekkene wurde. De mear as 1000 m² oan glês joech de romte de namme Glashaus (glêzen hûs). It koer hat in ôfmjitting fan 25 meter lang, 13 meter breed en 32 meter heech en hat oerienkomsten mei de Sainte-Chapelle yn Parys. Om it gewicht fan it ferwulft drage te kinnen moasten by de bou izeren staven yn de smelle stiennen muorren tusken de ramen ynboud wurde.

Yn de rin fan de tiid waarden oan de sechtjinhoekige skyl om it oktogoon meardere kapellen oanboud:

  • Yn it súdeasten waard, tagelyk mei de bou fan it koer, yn de hoeke fan it koer en de sintraalbou de Matthiaskapelle boud. It is de âldste goatyske kapel fan de dom.
  • Fuort westlik oan de Matthiaskapelle grinzget de ek goatyske Anna-kapelle. Krekte gegevens oer de bou binne der net, mar der wurdt fan út gien dat de kapel yn it midden fan de 15e iuw boud waard.
  • Op it suden fan de súdlike treptoer waard yn 1357 de oarspronklik ek goatyske Ungarnkapelle oanboud, dy't troch kening Loadewyk I fan Hongarije mooglik makke waard. Nei't de stream Hongaarske pylgers opdroege en der sadwaande minder jild foar it ûnderhâld kaam, rekke de kapel yn ferfal. By de grutte stedsbrân fan Aken yn 1656 rekke ek it dak fan de kapel skansearre. Yn de 18e iuw folge de ôfbraak fan de goatyske kapel en fûn nijbou yn barokke styl plak.
  • Oan de noardlike kant fan it westwurk ûnstie yn de 15e iuw de Nikolaus- und Michaelskapelle.
  • Noardeastlik fan it sintraalbou ferize de Karl- und Hubertuskapelle.
  • Oare kapellen binne de Allerseelenkapelle en de Allerheiligenkapelle, wer't sûnt 1955 ferstoarne biskoppen en hulpbiskoppen fan it bisdom yn byset wurde.
  • Ek yn de kleastergong en oan de foarhôf binne kapellen dy't by it kompleks hearre.

It oarspronklike tintdak op it oktogoon waard nei in brân yn 1664 troch de hjoeddeiske koepel mei fâlden ferfongen. Nei 1945 waard de kriichsskea oan de tsjerke wer ferholpen. Yn 1978 wie de domtsjerke ien fan de earste monuminten op de list fan it UNESCO-wrâlderfskip.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolvinne
Karelstroan
Koepel fan de Paltskapelpelle
Marijeskryn, 1220
Dûbele Madonna
Karelskryn (1182-1215)
Antependium mei apostels, 1481

Net it hiele ynterieur bleau troch de iuwen hinne bewarre. Guon foarwurpen waarden ferkocht, oare keunstwurken gyngen ferlern tidens de Frânske besetting fan it Rynlân yn it begjin fan de 19e iuw of by bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich.

Wolvinne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de foarhal stiet in byld fan de brûnzen wolvinne, oaren miene in bear, dy't yn de Romeinske tiid datearre wurdt. Neffens it lêste ûndersyk foarme de wolvinne in diel fan in jachtgroep út de hellenistyske tiid (3e iuw foar Kristus). At it in wolvinne is soe it byld symboal stean kinne foar Karel's stribjen om mei de stifting fan in nij imperium it âlde romeinske wrâldryk fuort te setten. De wolvinne ferwiist yn dat gefal nei de leginde fan Romulus en Remus as mytyske stifters fan Rome.

Pynappel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de wolvinne oer stiet yn de foarhal in mei sokkel 91 sintimeter hege brûnzen pynappel. De âldens fan it brûnzen wurk is in striidkwestje, mar wurdt rûsd tusken de 3e oant 10e iuw nei Kristus. De sokkel is Ottoansk en hat in skreane ynskripsje, dy't ferwiisd nei de Mesopotaamske rivieren, de Tigris en de Euphraat. It soe wêze kinne dat de pynappel yn de karolingyske tiid in fontein west hat yn it atrium foar it westwurk fan de Paltskapel.

Antike pylders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de kapel liet Karel de Grutte net dragende Italjaanske pylders út de antike tiid opstelle. Paus Hadrianus I joech Karel yn 786-787 tastimming om it antike boumaterjaal út Rome en Ravenna wei te heljen. Yn'e simmer fan 1794 rôve it doedestiidske Frânske bestjoer de antike pylders út de tsjerke om se nei Parys te bringen. Yn 1815 kamen dêrfan in tal, foar in part skeinde, pylders werom. Oare weardefolle pylders bleaune yn it Louvre. Ek in tal kapitelen fan carrara-marmer kamen net werom en bleaune yn Parys.

Brûnzen karolingyske keunstwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de kapel waarden tal fan brûnzen foarwurpen getten yn in jitterij op it Akener Paltshof (no: Katschhof). De beide doarren fan de foarhal, dy't mei syn twaën sûnt de 14e iuw as Wolfstür oantsjut wurdt, waarden om it jier 800 hinne yn Aken getten. Dizze Wolfstür siet oarspronklik yn de sechtjinhoekige skyl om it oktogoon. Eltse fleugel is yn acht rjochthoeken ferdield, wêrfan't de fjilden in sierlike list hawwe. De beide doarknoppen hawwe de foarm fan liuwekoppen. Njonken de Wolfstür bleaune noch twa lytsere brûnzen doarren út de karolingyske tiid bewarre, dy't by de yngong fan it oktogoon nei de Hubertuskapelle en de Annakapelle te finen binne. Ek in achttal brûnzen hekken yn de iepeningen fan de galerij nei de binnenromte fan it oktogoon ta datearje út de karolingyske tiid. Yn'e Frankse tiid waarden de hekken fan harren plak helle, mar se bleaune yn Aken en krigen letter wer in plak yn de tsjerke.

De keningstroan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it westlike travee fan de galerij yn de boppeferdjipping foar it koer oer stiet de keningstroan. De troan wie foarhinne ôfset mei read en grien porfier, mar is tsjintwurdich in ienfâldige marmeren stoel, dy't nei alle gedachten fan spolia út de Hillich-Grêftsjerke fan Jeruzalim gearstald waard. Achter de troan sit in romte, dy't wierskynlik bedoeld wie om reliken yn te bewarjen. Op dizze troan sieten tusken 936 en 1531 nei harren salving en kroaning by it haadalter tritich keningen en tolve keninginnen. Al dy tiid hat de troan op itselde plak sien en ek is der yn de rin fan de iuwen nea wat oan de troan feroare.

Ambo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1002 en 1014 liet Hindrik II in ambo foar de kapel meitsje. It is ien fan de meast pronkske skatten fan Ottoonske keunst. De iken kânsel is û.o. belein mei stikken agaat, ealstienen, saken út de antike tiid, koperreliëfs mei foarstellings fan de evangelisten en sechsde-iuwske ivoaren reliëfs. Nei't it nije koer yn 1414 kaam, waard de ambo út it oktogoon helle en nei de súdlike kant fan it earste koertravee ferpleatst. De houten opgong waard yn 1782 tafoege. Op heechtiidsdagen wurdt de kânsel ek hjoeddedei noch brûkt.

Pala d'Oro[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Pala d'Oro, it antependium fan it heechalter, waard om 1020 hinne makke. It is dekorearre mei santjin gouden reliëfs mei yn it sintrum Kristus de Ferlosser yn in mandorla flankearre troch Marije en de aartsingel Michaël. Yn de medaillons binne de symboalen fan de fjouwer evangelisten werjûn. De oare reliëfs stelle foarstellings út it libben fan Kristus foar en kinne fan lofts nei rjochts lêzen wurde. De gouden altertafel foarme yn de lette 15e iuw tegearre mei tolve reliëfs fan de apostelen (no yn de domskat) en keunstwurken oer it libben fan Marije in grut alterkompleks, dat pas yn 1794, doe't de Frânsen troepen tichterby kamen, ûntmantele waard.

Barbarossa-ljochter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ljochter fan Barbarossa hinget likernôch fjouwer meter boppe de flier fan de koepel fan it oktogoon. It hat in trochsnit fan 4,16 meter en symbolisearret mei syn krâns en de acht grutte en acht lytse toereftige lantearns de stedsmuorre fan it Himelske Jeruzalim. De tusken 1165 en 1170 makke ljochter waard skonken troch keizer Freark I en syn frou Beatrix fan Boergonje. In restauraasje fan de ljochter yn oktober 1998 koste 875.000 DM. Mei heechfeesten wurde de 48 kearsen fan de ljochter oanstutsen.

Marienschrein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skryn fan Marije is in relikwarium út 1220 en waard yn 1239 ynwijd. Tegearre mei de saneamde Karlschrein heart it ta de belangrykste keunstwurken fan goudsmeikeunst. Stylistysk wurdt de skryn yn de oergongsperioade fan romaanske nei goatyske keunst oardene. Yn de skryn wurde de muldoek fan Jezus, in stik klean dat Marije droegen hawwe soe en in stik tekstyl dat by de ûntholling fan Jehannes de Doper brûkt waard bewarre. De ynhâld wurdt ienris yn de sân jier oan pylgers toant, in tradysje dy't sûnt de pest yn 1349 yn Aken wimere yn stân holden wurdt. Oant de 19e iuw waard ek it Nole me tangere-kistje (oersetting: 'reitsje my net oan'), in fersulvere kistke mei in mysterieuze ynhâld, yn de skryn bewarre. In ferhaal dat in pryster yn Aken it kistke út nijsgjirrigens iepene en fuortendaliks blyn waard makke it mystearje noch folle grutter. De ynhâld waard bekend doe't keizerin Joséphine Aken besocht en it kistke oerhandige krige fan de biskop fan Aken, dy't har, lykas doedestiids wizânsje wie, de reliken fan Aken sjen litte woe. Op it stuit fan oerhandiging foel it slot lykwols iepen. De keizerin, dy't op'e hichte wie mei it ferhaal fan de blyn wurden geastlike, rekke troch it iepen fallen fan it kistje alhiel oerémis. Wol is sûnt bekend dat yn it kistjes stikjes tekstyl bewarre wurde.

Karlschrein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1215 waard de Karelskryn troch Akener goudsmeden foltôge. Hjirfoar wie opdracht jûn troch kening Freark II, nei't syn pake Freark I earder al de oerbliuwsels fan Karel de Grutte yn it jier dat dy hillich ferklearre waard opgrave litten hie om se te ferearen. Freark II brocht op 27 july 1215 Karel's oerbliuwsels persoanlik oer en slute sels de skryn. De skryn hat de foarm fan in basilyk en is oan de foarkant fersierd mei reliëfs fan Kristus, Karel de Grutte, paus Leo III en aartsbiskop Tupin fan Reims. De achterkant hat reliëfs fan Marije mei it bern Jezus en oan de beide lingtekanten keningen fan it Hillige Roomske Ryk dy't Karel de Grutte opfolgen.

Strahlenkranzmadonna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iken dûbele Madonna mei in krâns fan strielen fan 2,85 meter by 2,23 meter waard yn 1524 troch Jan van Steffeswert út Maastricht makke en hinget sûnt yn de apsis fan it goatyske koer.

De domskat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skat fan de tsjerke heart by de meast yndrukwekkende tsjerkeskatten fan de wrâld. Yn 1978 waard de skat tegearre mei de tsjerke op de list fan it UNESCO-Wrâlderfgoedlist opnommen. De skat bestrykt in perioade fan de let-antike oant de Nije Tiid. In part fan de skat wurdt tsjintwurdich yn in yn 1995 op'e nij ynrjochte romten oan de kleastergong útstald. De tsjerkeskat bestiet út goudsmidkeunst, ivoaren keunswurken, manuskripen, textyl en tsjerklike klaaiing. Njonken dizze saken bestiet de skat ek út de keunstwurken dy't yn de tsjerke stean of hingje.

Guon saken wurde ek by spesjale gelegenheden noch liturgysk brûkt, lykas it ottoanske Lotharkreuz, it ek ottoanske gouden boekomslach of de wapenkist fan Richard fan Cornwall, dy't tidens de Akener beafeart (Aachener Heiligtumsfahrt) brûkt wurdt. Mei de útrikking fan de Ynternasjonale Karelspriis, dy't op Himelfeartsdei plak fynt, wurdt foarôfgeande oan de sermoanje yn it riedshûs tidens de mis yn de tsjerke de Karelsbúste opsteld.

Sêge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brûnzen liuwekop

Doe't tidens de bou fan de dom it jild oprekke woe de duvel wol in handsje helpe. Foar de sinten woe hy lykwols wol wat werom ha en dêrom easke de duvel de earste siel op dy't de nije tsjerke yngyng. Fansels rekkene de duvel der grif op dat dizze persoan de biskop wêze soe. Mar de ynwenners fan Aken wiene ek net fan juster en hellen in fyt mei de duvel út. Hja tochten: as wy no ris in wolf as earste de tsjerke ynjeie, dan kin de duvel de siel fan dat bist krije. En sa barde it. Doe't de duvel der achter kaam dat de lju him te fiter hiene, waard hy poerlilk. Jammerjend en skriemend kaam er de tsjerke út en hy sloech de doar sa hurd ticht, dat hy dêrby de tûme ferlear. Dizze tûme kin men tsjintwurdich noch jimmeroan fiele yn in gat fan it ornamint fan de rjochter liuw op de brûnzen foardoarren.[1][2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]