Ravenna (stêd)
Ravenna is in stêd yn eastlik Itaalje. It is haadstêd fan de provinsje Ravenna dy't deselde namme hat, en telt om-ende-by 159.000 ynwenners (2014).
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al yn de 5e iuw f.Kr. wie der al sprake fan in delsetting yn de omkriten fan Ravenna. Yn 89 f.Kr. waard de stêd Romeinsk en yn 402 de haadstêd fan it West-Romeinske Ryk. Nei it ôfsetten fan de lêste Romeinske keizer troch de Germaan Odoaker waard it de sit fan syn Keninkryk en letter doe't de Ostrogoaten fan Theodorik de Grutte (ek bekend as Diderik fan Bern) Itaalje oermasteren, op 'en nij haadstêd.
Yn de Midsiuwen hat de stêd foar lange tiid de sit west fan de Byzantynske eksarch (in biskop mei syn sit fier fan it sintrum fan it Ryk) yn Itaalje.
Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de stêd binne de Byzantynske ynfloeden noch hieltiten sichtber. Yn de ferneamde Basilyk fan San Vitale (bou úteinset yn 526) lizze prachtige mozaiken.
Yn Ravenna binne fierders ek grêfmonuminten te finen, lykas de tombe fan keizerin Galla Placidia.
Acht bouwurken út de eardere kristlike tiid yn Ravenna steane op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO:
- Baptisterium fan de Ortodoksen (sirka 430) ek wol neamd "Batisterro degli Ortodossi" (doopkapel fan de Ortodoksen) om ôfstân te nimmen fan de Arianen, dêr't kening Theodorik de Grutte in oanhinger fan wie. Mei bylden fan gips en in fleurich mozayk yn de koepel.
- Mausoleum fan Galla Placidia (sirka 430)
- Baptisterium fan de Arianen (sirka 500), baptistearium (doopkapel) mei yn de koepel in mozayk dy't de doop fan Jezus foarstelt.
- Cappella Arcivescovile (sirka 500), in ortodoks monumint út de regearperioade fan Theodorik.
- Basilyk fan Sant'Apollinare Nuovo (sirka 500)
- Mausoleum fan Theodorik (sirka 520) (Mausoleo di Teodorico), boud mei grutte blokken kalkstien út Istrje
- Basilyk fan San Vitale (548)
- Basilyk fan Sant'Apollinare yn Classe (549) Tsjerke bûten de stêd, yn it doarpke Classe. Dy basilyk is boud mei dêrby in rûne klokketoer.
Oare nijsgjirrichheden yn Ravenna binne:
- Basilyk fan Sint Francis basilyk, (10e-11e iuw)
- Barokke tsjerke Santa Maria Maggiore (525-532, ferboud yn 1671)
- Basilyk Santa Maria yn Porto (16e iuw), de foarkant stammet út de 18e iuw
- Rocca Brancaleone ("Kastiel Brancaleone"), boud yn 1457
- Paleis fan Theoderik de Grutte
- Santa Eufemiakerk (18e iuw)
Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Ravenna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Marco Melandri (7 augustus 1982), Italjaansk motorkoereur
- Gionata Mingozzi (29 desimber 1984), fuotballer
Ferstoarn yn Ravenna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Dante Alighieri (13/14 septimber 1321), Italjaansk skriuwer en dichter