Sant’Apollinare in Classe

Ut Wikipedy
Sant’Apollinare in Classe
bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Emilia-Romagna
provinsje Ravenna
plak Ravenna
adres Via Romea Sud 224
bysûnderheden
boujier Earste helte 6e iuw

De Sant'Apollinare in Classe is in oan Apollinaris, de earste biskop fan it bisdom Ravenna, wijde tsjerke yn Classe, de eardere romeinske haven súdlik fan Ravenna, Itaalje. De basilyk is lykas oare tsjerken benammen bekend fanwegen de byzantynske mozaïeken yn de tsjerke. Tegearre mei sân oare bouwurken yn Ravenna falt de Sant'Apollinare in Classe ûnder de "Ierkristlike Monuminten fan Ravenna" fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

De tsjerke waard yn 1960 troch paus Jehannes XXIII de weardigens fan in basilica minor ferliend.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under keizer Augustus ûntstie tusken de jierren 35-12 f.Kr. de haven fan de stêd Civitas Classis as in wichtige kriichshaven fan it Westromeinske Ryk. Classis wie in plak dêr't ferskillende kultueren en godstsjinsten by inoar kamen. Hjir ûntstiene ek de earste kontakten mei Konstantinopel en it Byzantynske Ryk.Apollinaris út Antiochje wie yn de 1e iuw of it begjin fan de 2e iuw nei Kristus nei Classis kommen en stifte dêr de earste kristlike gemeente. Hy wie ek de earste biskop fan Ravenna. Yn de 2e iuw nei Kristus, doe't de stêd al de namme Classe hie, sette it kristenjen fan it gebiet útein. It tal oanhingers fan it kristendom woeks hurd oan en al yn de 4e en 5 iuw koene der in soad yndrukwekkende tsjerken boud wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De bou fan de tsjerke waard troch de rike bankier Iulianus Argentarius betelle. Op 9 maaie 549 fûn troch biskop Maksimianus de wijing plak. Apollinaris waard de patroanhillige fan de nijbou en de basilyk waard oer syn grêf boud. Yn it midden fan de 9e iuw waard de ynhâld fan it grêf nei de Sant'Apollinare Nuovo oerbrocht, om't dy tsjerke minder op ôfstân en sintraal yn Ravenna stie. Yn Ravenna wie de tsjerke better tsjin plonderings te ferdigenjen.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur (55,58 × 30,30 m) bestiet út trije skippen dy't fan inoar skieden wurde troch twa rigen fan 12 pylders. De lange tsjerke hat in houten plafond, it oarspronklike kassetteplafond is net bewarre bleaun. Fan de earder mei mozaïken dekorearre flier binne allinne resten oerbleaun.

Mozayk Sint-Apollinaris

In brede trep rint nei de apsis. Yn of ûnder it alter lei it grêf fan de patroanhillige. It mozayk fan de apsis moat de Ferhearliking op 'e Berch foarstelle. Under it krús, dat Jezus symbolisearret, is in grien lânskip mei blommen en skiep en yn it fermidden de patroanhillige Apollinaris te sjen. De mozaïken fan de triomfbôge binne fan lettere datum. Guon datearje dat wurk út de sânde iuw, oaren miene dat it 9e-iuwsk is. Sintraal wurdt Kristus yn in medaljon ôfbylde mei oan wjersiden de symboalen fan de fjouwer evangelisten. Dêrûnder ferlitte tolve lammen, dy't de apostels symbolisearje, de hillige stêden Jeruzalim en Betlehim.

Sarkofagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de binnenmuorren fan de sydskippen steane tsien sarkofagen fan gryksk moarmer. Alle sarkofagen waarden brûkt om de ferstoarne biskoppen fan de 5e oant de 8e iuw by te setten.

Krypte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de krypte stiet ûnder it haadalter in sarkofaach fan gryksk moarmer dêr't it omskot fan Apollinaris eartiids yn lei. Njonken in kapel stiet in siboarium fan moarmer út de 9e iwu, dat oan de hillige Eleucadius, in iere biskop fan Ravenna, wijd wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sant’Apollinare in Classe