Springe nei ynhâld

Leo III (paus)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Paus Leo III)
Leo III
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 795-816
foargonger Hadrianus I
opfolger Stefanus IV
persoanlike bysûnderheden
berteplak Rome
stjerdatum 12 juny 816
stjerplak ?
etnisiteit Italjaansk
hillichferklearring
hjeldei 12 juny

Leo III (berne yn Rome, datum ûnbekend; ferstoarn op 12 juny 816, stjerplak net bekend) wie fan 26 desimber 795 oant syn dea yn 816 de biskop fan Rome. Leo III folge paus Hadrianus I op.

Leo III wie fan ienfâldige komôf en stadichoan opklommen yn 'e tsjerklike hiërargy. Mei't er paus waard krige er it al fuort oan 'e stok mei de Romeinske adel, fral mei de famylje fan syn foargonger. Hja beskuldigen de paus fan meineed, troubrek en ynklauwerij.[1]. Dat rûn yn 799 út op in oanslach op syn libben, doe't er yn in prosesje troch de strjitten fan Rome meirûn. Hy waard pakt, offisjeel ôfset en finzen set en it doel wie om him de eagen út te stekken en de tonge ôf te snijen om him sa ûngeskikt foar it amt te meitsjen.

Leo wist mei help fan oaren lykwols út te piken en nei de keningspalts yn Paderborn te flechtsjen, dêr't kening Karel him beskerming bea. Mei in legerke en in pear hege amtners gie er werom nei Rome, mar de swierrichheden wiene noch net oer foar Leo III. Yn 800 reizge kening Karel dêrom sels nei Rome mei it doel in synoade byinoar te roppen om in ein te meitsjen oan 'e beskuldigingen oan it adres fan 'e paus. Mar de synoade kaam der net út om't se harren net yn steat achten oer in paus te oardielen en sa stelde Leo sels út om syn ûnskuld mei in eed te bewizen, dy't op 23 desimber dat jier ôflein waard. Karel de Grutte feroardiele de dieders fan 'e oanslach ta de deastraf, mar de paus kaam tuskenbeide en sette de straf om yn in ferballing.

Karel de Grutte wurdt ta keizer kroand troch Leo III
Friedrich Kaulbach (1822–1903)

Leo III is it meast bekend om 't er Karel de Grutte in pear dagen letter ta de earste Karolingyske keizer kroande. Foar sawol Karel as Leo III hie dat foardielen. Karel de Grutte koe him tenei mjitte mei syn tsjinhinger yn Konstantinopel en foar Leo III betsjutte de kroaning fan Karel ta keizer de tafoeging fan in wrâldske macht om de oarde yn Rome te handhavenjen en langer gjin ôfhinklikens mear fan 'e Byzantynske keizer. It hie wol as neidiel dat Karel him as keizer tenei ek neffens eigen ynsjoch mong yn tsjerklike saken. Foar de ienheid fan 'e Kristenheid soe de kroaning fan Karel de Grutte ta keizer yn it lêst net goed útpakke. Mei de kroaning fan Karel de Grutte ta keizer waard nammentlik ek it sied siedde foar de lettere striid tusken Rome en Byzantium en de skuorring dy't yn 1054 dêr op folge.

Nei de dea fan Karel de Grutte waard der op 'e nij tsjin Leo III gearspand. De paus weefde doe persoanlik mei de gearspanners ôf en feroardiele se ta de dea.

Leo III ferstoar op 12 juny 816 en waard yn 'e Sint-Piter fan Rome begroeven. Yn 1673 waard Leo III ûnder Klemens X yn 'e list fan hilligen fanwegen it wûnder dat syn skeinde eagen en tonge nei de oanslach op him yn Rome wer netter waarden. Stefanus IV folge Leo III op 22 juny 816 op as nije paus.

De feestdei fan Leo III is fêststeld op 12 juny en wurdt yn it aartsbisdom Paderborn yn 'e tsjerken betocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: