Eufraat
Appearance
(Trochferwiisd fan Euphraat)
De Eufraat (Arabysk: الفرات, Al Foerat, Turksk: Fırat, Gryksk: Εὐφράτης) is de wichtichste rivier yn it Midden-Easten. De rivier is 2735 kilometer lang en har streamgebiet is 673.000 km² grut. Fanút de bergen yn Noardeast-Turkije streamt it fia Syrje nei Irak, dêr't it noardlik fan Basra gearrint mei de Tigris en as de Sjatt al-Arab ferfolgens troch in sompich gebiet fia Abadan útrint yn de Perzyske Golf.
It lân tusken de Eufraat en de Tigris is tige fruchtber en stie oan de widze fan ferskate âlde beskavings lykas dy fan de Sumearjers, de Babyloanjers en de Assyrjers.