Romulus en Remus
Neffens de leginde is Rome stifte yn 753 f.Kr. troch Romulus en Remus. De leginde giet sa: Aeneas swalke de hiele wrâld oer, oant er yn Itaalje oankaam. Hy fûn dit sa’n moaie omjouwing dat er in stêd stifte. It krige de namme fan syn frou Lavinium. Ut dit Lavinium stifte syn soan Asconius it stêdsje Alba Longa. Op in seker momint regearde der in kening mei de namme Numitor. Amulius, de broer fan de kening, wie jaloersk en ferdreau him fan syn troan. Mar Amelius koe net rêstich sliepe, hy tocht dat syn broer wol wraak nimme woe. Dêrom fermoarde hy de soannen fan syn broer Numitor en hy beneamde de dochter ta Festaalske Faam, sadat sy gjin bern krije koe. Mar dit barde wol, Rhea Silvia krige twa bern, in twilling. Se neamde de jonkjes Romulus en Remus. Amelius woe dit net hawwe en joech sûnder meilijen befel de jonkjes yn in reiden kuorke yn de Tiber te goaien. De Tiber is de rivier wêr't Rome letter oan stifte is. Romulus en Remus hienen gelok. De rivier wie oerstreamd. Dus de feinten dy’t de jonkjes yn de rivier goaie moasten koenen net de echte rivier berikke. Dus leinen se de jonkjes oan de râne fan it oerstreamde gebiet. It wetter sakke hurd, doe bleau it kuorke mei de twa poppen op in beamwoartel stekken. In wolvinne hearde it janken fan de bern en gie der hinne. Sy slikke Romulus en Remus skjin en joech se molke. De opperharder fan de keninklike keppel fûn de jonkjes en de wolvinne. De harder, Faustulus neamd, naam Romulus en Remus mei nei hûs en brocht se grut. Tegearre my syn frou Larentia beskôgen se beide jonkjes as harren soannen.
De stifting fan Rome
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romulus en Remus waarden hurd grutter. Op in dei gienen se tegearre mei freonen te jeien yn 'e bosk. Dêr kamen se rôvers tsjin. Se pakten spullen fan de rovers ôf. De rôvers pikten dit net en leinen in mûklaach. Remus wurdt finzen nomd. De rôvers bringe Remus nei Numitor. As Numitor dat yn 'e gaten krijt wa't Remus is, siket hy Romulus en de harder fan it doarp op. Tegearre fermoardzje se Amulius. Op dizze wize wurdt Numitor wer kening yn Alba Longa.
De twilling komt op it idee om in stêd te stiften. En wol op it plak wêr't se safolle jier lyn efterlitten binne, by de rivier. Mar se hawwe ien probleem: wa moat der regeare? Se beslute de goaden om in teken te freegjen. Romulus giet op de heuvel “Palatyn” stean en Remus op de “Aventyn’. Dan krijt Remus in teken: der ferskine seis gieren yn 'e loft. Remus en syn oanhinger wienen út de skroeven. Remus soe kening wurde. Mar in skofke letter krige Romulus in teken. Der fleagen tolve gieren troch de loft. Beide partijen moeten elkoar en begûnen te fjochtsjen. Der ûntstie in grut bloedbad, en Remus wurdt deamakke. Romulus stifte op 21 april 753 f.Kr. de stêd dy’t de namme krige fan syn stifter: Rome.