Intercity-Express

Ut Wikipedy
De ICE
ICE spoardiken yn Dútslân
read Neubaustrecken oant 300 km/h
oranje Neubaustrecken oant 280 km/h
blau Ausbaustrecken 200 oant 230 km/h
griis Oare trajekten oant 160 km/h

De Intercity-Express (ôfkoarte ICE), InterCityExpress yn Eastenryk en Switserlân, is de fluchste trein fan de Deutsche Bahn.

Stasjons[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meiïnoar binne der 130 treinstastjons yn Dútslân dêr't de ICE stilhâldt. Yn seis oanswettende lannen (Eastenryk, Switserlân, Frankryk, Belgje, Nederlân en Denemark) binne der likernôch 50 stasjons.

Trajekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is aardich wat krityk op de trajekten fan de ICE. Sa hawwe doarpen as Horb am Neckar en Rottweil (beide likernôch 26.000 ynwenners) en Montabaur (12.500 ynw.) in ICE stasjon. Dêrfoaroer hawwe stêden as Mönchengladbach (262.000 ynw.) en Chemnitz (245.000 ynw.) noch gjin ICE stasjon en ek gjin oare flugge treinferbinings.

De trajekten binne opdield yn trije kategoryen:

  1. Neubaustrecken binne trajekten dy't spesjaal foar de ICE boud binne en mei in faasje oant 300 km/h
  2. Ausbaustrecke binne besteande trajekten dy't sûnt de sechstiger jierren omtsjoene binne ta trajekten dêr't tusken de 200 en 230 km yn 't oere riden wurdt.
  3. Op oare trajekten mei de ICE oant 160 km yn 't oere.

ICE sprinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken de stêden Berlyn, Frankfurt, Hamboarch, Keulen en München rydt de ICE sprinter jûns en moarns. Der binne fjouwer ICE sprinter trajekten:

  • ICE-trajekt 1: Sprinter Hamburg–Keulen
  • ICE-trajekt 2: Sprinter Keulen–München
  • ICE-trajekt 3: Sprinter Berlyn–Frankfurt
  • ICE-trajekt 4: Sprinter Hamburg–Frankfurt

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]