Ryksstêd Aken

Ut Wikipedy
Ryksstêd Aken
Reichsstadt Aachen (Dútsk)
Lân yn it Hillige Roomske Ryk
1166 – 1797
flagge wapen
geografyske lokaasje

Lokaasje Aken yn 1350.
polityk
haadstêd Aken
offisjele taal Dútske dialekten
steatsfoarm Frije ryksstêd
ûntstien út Nederloataringen
opgien yn Sisreniaanske Rep.
no diel fan Noardryn-Westfalen
sifers
ynwennertal 25.000 (±1800)
befolkingstichtens 227 / km² (±1800)
oerflak 110 km² (±1800)

De Ryksstêd Aken wie fan 1166 oant 1797 in frije ryksstêd en kueroarde yn it Hillige Roomske Ryk. It wie ek it plak dêrt 600 jier lang de Roomsk-dútske keningen kroand waarden. Om 1500 hinne waard de stedsteat yndield by de Nederrynsk-Westfaalske Kreits.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ryk fan Aken

Om syn waarmwetterboarnen wie it plak al populêr by de Kelten en letter de Romeinen. Dy bouden dêr in kueroarde Aquisgrannum. Nei't de Romeinen ferfearen, bleau it plak bewenne en kaam it ûnder Frankysk gesach. Yn de achtste iuw waard it plak Aquis villa neamd. Kening Karel de Grutte kaam yn 768 foar it earst yn Aken. Hy hold tige fan it plak, en sette dêr tweintich jier letter útein mei it bouwen fan in keningspalts. De kapel fan dat paleis foarmet hjoed-de-dei de kearn fan de Dom fan Aken. Karel genoat tige fan de genêskrêftige hjitte boarnen en hy bleau dêr de measte winters fan 800 oant syn ferstjerren yn 814. Nei't er ferstoar waard er byset yn it kapel, dêr't syn tombe hjoed-de-dei noch hieltyd stiet.

Yn 936 waard Otto I ta kening kroand yn de Dom. Fan dat stuit ôf waarden de Roomsk-dútske keningen 600 jier lang yn Aken kroand. Yn de Gouden Bul fan 1356 waard fêstlein dat de kroaning dêr plakfine moast. De kroaning ta keizer fûn lykwols yn Rome plak. De lêste kroaning ta kening wie de kroaning fan kening Ferdinand I yn 1531.

Yn 1166, ûnder keizer Freark I Barbarossa, krige de stêd ryksûnmidlikheid, en waard de stêd in frije ryksstêd neffens it Karelsprivileezje. De stêd wie doe noch mar in delsetting by de palts. Troch dat privileezje fan de keizer, mocht der in muorre om de stêd hinne boud wurde, dat dien waard tusken 1171 en 1175. Yn 1338 waard besletten ta it oanlizzen fan in lânfuorge om it gânse Ryk fan Aken, it lân om de stêd hinne dy't dêr ûnder foel, te beskermjen tsjin de oanswettende lannen. Dy fuorge krige in djipte fan 5 meter en in lingte fan 70 km. Mei de ôfgroeven grûn waard in wâl fan 4 meter heech opsmiten. Der waarden dêr bûkebeammen op plante, en de takken waarden oan inoar frissele. De fâd, de skout en de meier bleaune keninklike beämten. Yn de fjirtjinde iuw waarden dy amten oan de hartoch fan Gulik jûn. De stêd bleau lykwols in frije ryksstêd, mar de hartoch soe dy titel oan de oan fan it ryk ta behâlde. By in rebûlje yn 1450 waarden de gilden talitten yn it stedsbestjoer.

Yn 1225, 1236 en 1656 fûnen der yn Aken grutte stedsbrannen plak. It belang fan Aken rûn yn de sechtjinde iuw tebek. Om't Aken te ticht by de grins fan it Keninkryk Frankryk kaam te lizzen, waard de kroaning fan Maksimiliaan II yn 1562 nei Frankfurt ferpleatst, dy't dêr oant de ein fan it Ryk plakfine bliuwe soe. De Reformaasje gie de stêd ek net foarby en yn 1580 kaam de stêd yn protestantske hannen. Yn 1598 en 1614 waard dêr mei fol geweld in ein oan brocht. Protestanten waarden út de stêd wei ferballe en dêrtroch rûn de woltierigens fan de stêd fierder tebek.

Yn 1794 waard de stêd troch Frânske troepen beset, en yn 1797 troch Frankryk anneksearre. De stêd gie op yn de Sisreniaanske Republyk en waard de haadstêd fan it departemint fan de Roer. Nei it ynstoarten fan it Earste Frânske Keizerryk yn 1813 besleat it Kongres fan Wenen yn 1815 de stêd by it Keninkryk Prusen te foegjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing-

  • (in) P.H. Wilson (2004): From Reich to revolution: German history, 1558-1806, earste printinge, Palgrave Macmillan, Basingstoke, side 378
  • (in) Chisholm, Hugh, ed. (1911). Aix-la-Chapelle . Encyclopædia Britannica. 1 (11e ed.). Cambridge University Press. side 448.
  • (in) Aachen. 2012. Encyclopædia Britannica Online. Oproppen op 19 juny 2012, fan http://www.britannica.com/EBchecked/topic/200/Aachen