Demia Moor

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Demia Moor
Demia Moor.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mia Moore, Demia Moore,
Demia, Sophie
echte namme  ?
nasjonaliteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
berne 19 augustus 1976
berteplak Eger (Hongarije)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19952001
offisjele webside
gjint

Demia Moor, echte namme ûnbekend (Eger, 19 augustus 1976), is in rêstend Hongaarsk pornografysk aktrise. Har artystenamme is ôflaat fan dy fan 'e Amerikaanske filmaktrise Demi Moore, en wurdt ek wol misstavere as Demia Moore. Fierders hat se ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Mia Moore, Demia en Sophie. Neffens har offisjele opjefte is Moor 1.65 m, mei in gewicht fan 61 kg en kupmaat 34B.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demia Moor is hikke en tein yn 'e Hongaarske histoaryske stêd Eger, yn it noardeasten fan it lân. Se waard yn 1995 ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, doe't dy yn Hongarije op 'e sneup wie nei nij talint. Datselde jiers noch makke hja mei 19 jier har debút yn ien fan syn pornografyske films, in produksje fan 'e Sweedske Private-studio.

Yn totaal spile Moor ûnder har karriêre, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn njoggentjin films, al sitte dêr teminsten twa kompilaasjes fan âld materiaal tusken. Frijwol al dy films waarden troch Private produsearre, wêrûnder seis ôfleverings fan it Private Triple X-fideomagazine, ien diel fan 'e Private Triple X Files en ien Best of Private-kompilaasje. Fierders is der noch de yn 1998 útbrochte audysjefideo Private Castings X 7, wêryn't sabeare Moor har alderearste audysje fêstlein is. En boppedat hie se rollen yn 'e Private-films The Pyramid 2 en Cape Town diel 1 en 2, alletrije regissearre troch Woodman. Moor beëinige har pornokarriêre yn 2001.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: