Oerlis:Demia Moor
Appearance
Wat is in 'histoaryske' stêd? Drewes (talk) 19 des 2013, 18.15 (CET)
- Dat is in stêd mei in lange skiednis as stêd, dus net fan dy nijljochterige plakken as Drachten of it Hearrenfean, dy't net iens echt stedsrjochten hawwe mar inkeld troch harren grutte befolkingsgroei yn 'e 20ste ieu oanspraak meitsje kinne op 'e namme fan "stêd", mar bgl. Frjentsjer of Starum, dat al yn 'e Midsieuwen stêden wiene. (Strikt nommen bestiet der dus bgl. yn hiele Amearika en Austraalje gjinien histoaryske stêd.) Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 des 2013, 21.39 (CET)