Springe nei ynhâld

Julia Tchernei

Ut Wikipedy
Julia Tchernei
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Julia Dobler, Julia Benvenuti,
Julia, Milly, Giulia Rovelli,
Giulia Levi, Mary Schneider,
Stefania Grande, Patrizia Bocca
echte namme ?
nasjonaliteit Oekraynsk
berne 13 jannewaris 1974
berteplak ? (de Oekraïne)
etnisiteit Oekraynsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19951998
offisjele webside
gjint

Julia Tchernei, echte namme ûnbekend (13 jannewaris 1974), is in rêstend Oekraynsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Julia Dobler, Julia Benvenuti, Julia, Giulia Rovelli, Giulia Levi, Milly, Mary Schneider, Stefania Grande en Patrizia Bocca.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tchernei waard yn 1974 berne yn 'e Oekraïne, dy't doe noch ta de Sovjet-Uny hearde (dêrfandinne dat har bertelân soms as "Ruslân" jûn wurdt). Yn 1995, doe't se 21 jier wie, spile se foar it earst yn in pornografyske film. Dat wie Gruppo di Famiglia foar de lytse Italjaanske studio Moonlight Video. Yn 1996 waard Tchernei ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, dy't har dêrnei yn ferskate films foar it grutte Sweedske Private-label spylje liet, wêrfan't The Pyramid 3 en Sweet Baby 1, beide út 1996, it bekendst binne.

Tchernei spile ek yn trije dielen fan Private Triple X, twa dielen fan Private Stories en twa dielen fan Private Castings X. Fierders wie se ek wurksum foar ferskate foaroansteande Amerikaanske studio's, wêrûnder Devil's Film en Anabolic Video. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Tchernei yn totaal yn in tweintichtal films, al wiene dêr twa net-pornografyske rollen by. Yn 1998 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: