Francesca Petitjean

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Francesca Petitjean
Francesca Petitjean.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Francesca, Francesca Rosa,
Sally Body, Mara Moresco
echte namme Francesca Petitjean
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
berne 1963
berteplak Cannes (Frankryk)
etnisiteit Flag of France.svg Frânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19982003
offisjele webside
gjint

Francesca Petitjean (Cannes, 1963), is in Frânsk fitnessmodel en bodybuildster, dy't as sadanich aktyf wie yn 'e jierren tachtich en njoggentich en twa kear wrâldkampioen bodybuilding by de amateurs wie. Nei't se har sportive karriêre mids njoggentiger jierren beëinige hie, sette se útein mei te wurkjen as neakenmodel en pornografysk aktrise, wêrby't se ek wol gebrûk makke fan skûlnammen as Francesca Rosa, Sally Body en Mara Moresco.

Karriêre as Bodybuildster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Francesca Petitjean waard yn 1963 berne yn it Súdfrânske baaiplak Cannes. Yn 'e tachtiger jierren sette se útein mei in karriêre as bodybuildster en fitnessmodel. Yn 1989 en nochris yn 1992 behelle se it earste plak by de wrâldkampioenskippen foar amateur-bodybuilders organisearre troch de World Amateur Body Building Association (WABBA) yn 'e kategory "lang". Yn 1990 wie se twad nei de Eastenrykske Gabriele Klug by de WABBA-wrâldkampioenskippen yn 'e kategory "profesjoneel", en yn 1989 wûn se de brûnzen medalje by de Jeropeeske amateurkampioenskippen fan 'e WABBA.

Yn 1993 waard Petitjean prof en stapte se oer nei de International Federation of BodyBuilders (IFFB). Dêr einige se almeast by de earste tsien, mar helle se nea it poadium. Har bêste resultaat wie by de Grand Prix fan Praach, yn 1996, doe't se op it sechsde plak einige. Oan 'e ein fan dat jier loek se har werom út it profesjonele bodybuilden.

Utslaggen fan ynternasjonale wedstriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1989 Jeropeeske kampioenskippen (WABBA): 3de plak (kategory "lang")
  • 1989 wrâldkampioenskippen (WABBA): 1ste plak (kategory "lang")
  • 1990 wrâldkampioenskippen (WABBA): 2de plak (kategory "profesjoneel")
  • 1992 wrâldkampioenskippen (WABBA): 1ste plak (kategory "lang")
  • 1993 Jan Tana Classic (IFFB): 12de plak
  • 1994 Canada Pro Cup (IFFB): 8ste plak
  • 1994 Grand Prix fan Praach (IFFB): 12de plak
  • 1995 Grand Prix fan Praach (IFFB): 8ste plak
  • 1995 Jan Tana Classic (IFFB): weromlutsen
  • 1996 Grand Prix fan Praach (IFFB): 6de plak
  • 1996 Grand Prix fan Slowakije (IFFB): 7de plak
  • 1996 Ms. International (IFFB): 13de plak
  • 1996 Jan Tana Classicx (IFFB): 19de plak

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se opholden wie mei kompetatyf bodybuilden, sette Petitjean útein mei in karriêre as pornografysk aktrise. Foar dit wurk liet se har boarsten fergrutsje, en troch har tige spierde uterlik loek se al rillegau de oandacht. Se makke har debút yn 'e pornoyndustry yn 1998, doe't 35 jier wie, yn 'e film Acteurs Porno en Analyse, fan regisseur José Bénazéraf. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se yn totaal yn 20 pornografyske films spile.

Dêrby wurke se it measte foar de studio Channel 69, dy't de rige Bodybuilders in Heat publisearre. Petitjean spile yn fiif dielen út dy searje. Teffens wurke se foar oare labels, wêrûnder it Dútske Videorama en it Italjaanske Moonlight Video. Se wurke gear mei û.o. de Frânske akteur Richard Langin en de Dútsk-Tsjechyske aktrise Dolly Buster. Dêrby mijde Petitjean de hurdere pornografy net, en die se oan anale seks en dûbele penetraasje. Uteinlik loek se har yn 2003 út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.