Springe nei ynhâld

Agnes Tilli

Ut Wikipedy
Agnes Tilli
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Agnes, Agnes Fauludi,
Agnes Palazzi, Agnes Titti
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 21 jannewaris 1976
berteplak ûnbekend (yn Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 1995
offisjele webside
gjint

Agnes Tilli (yn Hongarije, 21 jannewaris 1976), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja makke ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Agnes Faludi, Agnes Palazzi, Agnes Titti of koartwei Agnes. Tilli wie yn 1995 aktyf yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tilli waard yn 1976 earne yn Hongarije berne. Hja waard yn 1995 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, en makke noch datselde jiers, mei njoggentjin jier, har debút yn in pornografyske film. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in stik as tolve films, wêrby't se benammen wurke foar it Sweedske Private-label, yn produksjes as Apocalypse Climax diel 1 en 2, Arrowhead, Private Video Magazine 24 en Triple X 3.

Dêrnjonken wie se ek te sjen yn Selen Videomagazine 3, fan 'e Italjaanske studio Italian Divudi, en yn 'e films Top Model diel 1 en 2 fan 'e Mario Salieri Entertainment Group. Tilli wurke gear mei û.m. de aktrises Anita Blond en Barbara Molat, en mei akteurs as Alain Deloin, Jon Dough, Richard Langin, Jean-Yves Lecastel, David Perry, Frank Towers en Frank Versace. Oan 'e ein fan 1995 loek Tilli har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Agnes Tille is blank, mei brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang. Hja hie ûnder har karriêre as pornoaktrise gjin boarstfergrutting ûndergien. Tilli hat gjin piercings, útsein troch har earlellen, mar wol hat se in tatoeaazje op har lofterankel.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: