Anita Blond

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Anita Blond
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Anita Blond.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Anita Blonde, Anita, Anika,
Anita Kelli, Anita Kelly,
Bonanita
echte namme Anita Hudacek
nasjonaliteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
berne 27 maaie 1976
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19942001
Anita Blond yn 1999

Anita Blond, echte namme: Anita Hudacek (Boedapest, 27 maaie 1976), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder de artystenammen Anita Blonde, Anita Kelli, Anita Kelly, Anita, Anika en Bonanita. Neffens har offisjele opjefte wie hja ûnder har karriêre 1.73 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en natuerlike boarsten fan kupmaat 36C.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anita Blond (dy't trouwens fan natuere gjin blondine mar in brunette wie) waard yn 1976 berne yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Yn 1994, doe't se achttjin jier wie, begûn se har karriêre as neakenmodel yn it manljusblêd Penthouse. Koarte tiid letter makke se har debút yn in pornografyske film fan it Sweedske Private-label. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn totaal yn 112 pornofilms, wêrûnder in protte útjeften fan Private, mar ek guon fan oare Jeropeeske studio's, lykas it Dútske Videorama, it Frânske Vidéo Marc Dorcel en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group.

Dêrnjonken stiek Anita Blond yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich de Atlantyske Oseaan oer om har yntree yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te meitsjen. Dêr wurke se û.m. foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Elegant Angel, Sin City, Wicked Pictures, Adam & Eve, New Sensations en Anabolic Video. Fierders hold se ek oan mei har wurk as neakenmodel, en wie se te bewûnderjen yn tydskriften as Oui, Chéri, Velvet en Perfect 10. Yn 2001 loek Anita Blond har úteinlik út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: