Barbara Molat

Ut Wikipedy
Barbara Molat
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Barbara Molath, Barbara Tai,
Rachel, Nastya
echte namme Barbara Molat (?)
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 23 jannewaris 1973
berteplak ? (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19951997
offisjele webside
gjint

Barbara Molat (mooglik har echte namme) (23 jannewaris 1973), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn 'e jierren njoggentich aktyf wie. Har namme waard ek wol (mis)stavere as Barbara Molath, en hja hat ek wol wurke ûnder de artystenammen Barbara Tai, Rachel en Nastya.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Molat waard yn 1973 berne yn Hongarije. Nei't se yn 1995 ûntdutsen wie troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, makke se noch datselde jiers har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Molat neitiid yn in stik as tsien films, wêrfan't de measten útbrocht waarden troch it Sweedske Private-label.

Dêrby wurke se ferskate kearen gear mei Woodman, lykas yn 'e film The Tower 2 (1995). Fierders spile Molat ek yn 'e film Junge Debutantinnen 2: Sommer Sex und Heiße Mädchen, fan 'e Dútske studio Videorama, en yn World Sex Tour 5, fan 'e foaroansteande Amerikaanske produsint Anabolic Video. Yn 1997 loek hja har út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: