Springe nei ynhâld

Gabriella Bond

Ut Wikipedy
Gabriella Bond
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 7 septimber 1976
berteplak Miskolc (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19962000
offisjele webside
gjint

Gabriella Bond, echte namme ûnbekend (Miskolc (Hongarije), 7 septimber 1976), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja waard ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman. Bond sette yn 1996 útein mei in fjouwerjierrige karriêre yn 'e pornoyndustry, wêrby't se benammen foar Jeropeeske filmstudio's wurke.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bond waard wierskynlik op 7 septimber 1976 berne yn Miskolc, yn Hongarije, hoewol't de Internet Movie Database (IMDb) as iennichste boarne in bertedatum fan 18 july 1975 oanhâldt. Hja waard yn 1996 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja datselde jiers noch, mei 20 jier, har debút yn in pornografyske film makke. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Bond neitiid yn totaal yn 22 pornofilms, hoewol't dêr teminsten trije kompilaasjefideo's by lykje te sitten dy't gearstald binne út earder brûkt materiaal.

Bond wie ûnder har pornokarriêre benammen yn 't spier foar de Sweedske Private-studio, wêrby't se ferskate kearen gearwurke mei Pierre Woodman. Sa spile se yn 'e films Sweet Baby 2 (1997) en The Fugitive 1 en 2 (1997), en hie se in net-pornografyske rol yn The Pyramid 1 en The Pyramid 2 (1996). Fierders wurke Bond ek foar minder bekende labels, lykas Pink'O en LuXx Video, en spile se yn ien film foar de foaroansteande Amerikaanske studio VCA Pictures. Uteinlik loek hja har yn 2000 werom út 'e pornoyndustry, hoewol't neitiid noch ferskate films mei earder opnommen materiaal fan har útbrocht waarden.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gabriella Bond is blank en hat blûn hier en griene eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang en hie se ûnder har karriêre yn 'e pornoyndustry in gewicht fan 50 kg. Hja hie kupmaat 36D, wêrfoar't hja in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hie. Bond hie tatoeaazjes noch piercings.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: