Internet Movie Database

Ut Wikipedy
Internet Movie Database
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor ynternet / film
oprjochte 1990
oprjochter Col Needham
mem Amazon.com
offisjele webside
www.imdb.com

De Internet Movie Database, almeast ôfkoarte ta IMDb, is in fergees te rieplachtsjen Amerikaanske kennisbank (database) op it ynternet, dêr't gegevens yn byholden wurde oer films, mar ek oer tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's, fideospultsjes, akteurs, en presintators. Dizze database waard yn 1990 oprjochte as leafhawwerij, mar groeide meitiid út ta in gesachhawwende boarne, benammen op it mêd fan films en akteurs. Sûnt 1998 is de IMDb eigendom fan it bedriuw Amazon.com.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De IMDb ûntstie yn 1990 fanút rec.arts.movies, in nijsgroep mei ynternetbrûkers fan 'e earste oere dy't in foarleafde foar films en de filmyndustry mei-inoar dielden. De eigentlike oprjochter wie Col Needham, dy't syn fluch ta in profesjoneel bedriuw útgroeiende leafhawwerij yn 1998 foar grou jild fan 'e hân die oan Amazon.com. Sûnt 2003 hat de IMDb ek in aparte betelle seksje, dy't IMDbPro hjit. Dy biedt de hiele ynhâld fan 'e IMDb, oanfolle mei ekstra gegevens foar lju dy't yn 'e filmyndustry wurksum binne, lykas kontaktynformaasje, evenemintekalinders en nijs út 'e entertainmentyndustry. Der bestie ek lange tiid in fergees tagonklik message board, in soarte fan ynternetfoarum, by eltse opnommen titel en persoan, mar dy funksje waard op 19 febrewaris 2017 opheft.

Yn 2013 wie de IMDb útwoeksen ta in ynternetargyf mei ynformaasje oer mear as 2,5 miljoen film- en tillefyzjetitels en mear as 5,5 miljoen persoanen fan oer de hiele wrâld. De webside wurdt eltse moanne troch mear as 150 miljoen minsken besocht, en wurdt ûnderholden troch likernôch 35 foltiidsmeiwurkers. In kritykpunt dat gauris heard wurdt, is wol dat de IMDb sterk op 'e Westerske film- en tillefyzjeyndustry rjochte is, mei as gefolch dat Bollywood (de filmyndustry fan Yndia) en Nollywood (de filmyndustry fan Nigearia) yn 'e database oan 't krapperein komme.

Sykmooglikheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De IMDb biedt wiidweidige ynformaasje oer fral films, wêrûnder ynformaasje oer de hiele (bekende) cast en crew. Lêzers kinne dêr resinsjes en beoardielings oan tafoege. Der binne tal fan siikmooglikheden; sa kin men de nammen fan twa akteurs tagelyk ynfiere, wêrnei't de IMDb de films toant dêr't de beide yn gearwurke hawwe. Teffens biedt de webside in Top 250 fan 'e troch registrearre besikers it heechst wurdearre films, en ek in Top 100 fan 'e minst wurdearre films.

Top 10 fan heechst wurdearre films aller tiden (neffens de IMDb)
  1. The Shawshank Redemption (1994)
  2. The Godfather (1972)
  3. The Godfather Part II (1974)
  4. The Dark Knight (2008)
  5. 12 Angry Men (1957)
  6. Schindler's List (1993)
  7. The Lord of the Rings: The Return of the King (2003)
  8. Pulp Fiction (1994)
  9. The Good, the Bad and the Ugly (1966)
  10. The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.