Springe nei ynhâld

Mafalda (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Mafalda (pornografysk aktrise)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 8 novimber 1973
berteplak ? (Frankryk)
etnisiteit Arabysk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 1996
offisjele webside
gjint

Mafalda, echte namme ûnbekend (8 novimber 1973), is in rêstend Frânsk pornografysk aktrise fan etnysk Arabysk komôf. Hja wie yn 1996 wurksum yn 'e Jeropeeske pornoyndustry, wêrby't se benammen aktyf wie foar it Sweedske Private-label.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mafalda waard yn 1973 yn Frankryk berne. Hja is fan etnysk Arabysk komôf. Yn 1996, doe't se 23 jier âld wie, makke se har debút yn in pornografyske film nei't se ûntdutsen wie troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman.

Hja spile dêrnei yn in fiiftal films, wêrby't se yn fjouwer fan dy gefallen gearwurke mei Woodman foar it Sweedske Private-label. Foar de film Memories (II) wie se yn 'e tsjinst fan 'e studio Helen Duval Entertainment. Mafalda har bekendste film wie The Pyramid 1, it earste diel fan Woodman syn Pyramid-trilogy, dy't opnommen waard yn Egypte.

Fierders wurke Mafalda ek mei yn fotoreportaazjes foar de pornoblêden fan Private. Ein 1996 loek se har út 'e Jeropeeske pornoyndustry werom.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: