Peggy Sue (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Peggy Sue (pornografysk aktrise)
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Peggy Sue (aktrise).jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kathy Beauty, Paru, Paruh, Peru
echte namme Paru Silios
nasjonaliteit Flag of India.svg Yndiaask
berne 16 april 1978
berteplak Bombay (Yndia)
etnisiteit Marathi Flag.svg Maratysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19962004
offisjele webside
gjint

Peggy Sue, echte namme: Paru Silios (Bombay, 16 april 1978), is in rêstend Yndiaask neakenmodel en pornografysk aktrise fan Maratysk etnysk komôf, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Kathy Beauty, Paru, Paruh en Peru. Hja is 1.61 m lang.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peggy Sue waard berne yn 'e Yndiaaske metropoal Bombay. Hja begûn mids jierren njoggentich te posearjen foar neakenblêden; sa stie se bgl. yn it Britske tydskrift Men Only. Yn 1996, doe't se 18 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Yn totaal spile se yn har karriêre neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 48 films. It meast wurke se foar de Italjaanske studio de Mario Salieri Entertainment Group en foar it Sweedske Private-label.

Foar Private spile se û.m. yn it earste diel 'e megaproduksje Tatiana (mei Tania Russof yn 'e haadrol), fan 'e Frânske regisseur Pierre Woodman, en teffens yn twa ôfleverings fan it Private Triple X fideomagazine. Fierders wie se ek wurksum foar oare Jeropeeske studio's, lykas it Dútske Multi Media Verlag en Videorama, wylst se ek yn ferskate films spile foar foaroansteande Amerikaanske labels, lykas VCA Pictures, Hustler Video en Anabolic Video. Yn 2004 loek Peggy Sue har út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: