Sarah Young

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sarah Young
Sarah Young.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sarah Louise Young
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 15 april 1971
berteplak Sidcup (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19891997
offisjele webside
www.sarahyoung.com

Sarah Young (folút: Sarah Louise Young; Sidcup, 15 april 1971), is in rêstend Britsk pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte, dy't berne is yn Sidcup, yn it Ingelske greefskip Kent. Har karriêre hat him fierhinne op it Jeropeeske fêstelân ôfspile (benammentlik yn Dútslân), en hoewol't hja yn 'e njoggentiger jierren op pornografysk mêd in superstjer wie yn 'e Dútsktalige lannen, Frankryk, Itaalje, de Benelúks en East-Jeropa, hat se yn har heitelân Grut-Brittanje nea net botte bekend west, wylst hja yn 'e Feriene Steaten gjin foet oan 'e grûn krigen hat.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sarah Young waard grutbrocht yn it stedsje Winchester, yn it greefskip Hampshire, yn in gesin mei ien jongere broer. Har mem wie in naaister en har heit in boukundich yngenieur. Yn 1986, doe't se fyftjin wie, waard Young op 'e strjitte oansprutsen troch in fotograaf. Se stimde ta om te posearjen foar in stikmannich topless proeffoto's, dy't neitiid publisearre waarden op 'e ferneamde (of beruchte) Page Three fan it bûlevaarblêd The Sun. De positive reäksjes dy't der op dy foto's kamen, laten ta in útnûging oan Young om har by in modelleburo op te jaan. Twa jier letter, yn 1988, gie Young út 'e hûs en loek se yn by har doetiidske freon, wylst se allegeduerigen aktyf bleau as model.

Fia kunde kaam se yn kontakt mei de pornoyndustry, en nei't se yn 1989 mearderjierrich wurden wie, spile se datselde jiers noch yn har earste pornografyske film, in produksje fan it Sweedske Private-label, wêrby't se omgong hie mei fiif akteurs tagelyk. Dêrnei wie se in skoftke wurksum foar sawol Private as de Color Climax Corporation, oant de Dútske pornoprodusint en -regisseur Sascha Alexander (better bekend ûnder syn artystenamme Sascha Alexander) har opmurk. Dyselde helle har nei Dútslân ta en makke har dêr grut. Op 13 jannewaris 1991 trouden Young en Moser, mar harren houlik waard in pear jier letter alwer beëinige.

Yn it begjin en de midden fan 'e jierren njoggentich wie Sarah Young de ûnomstriden keninginne fan 'e Dútske pornoyndustry, mei û.m. ferskate eigen fideorigen en in eigen produksjebedriuw, Sarah Young Communications. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile hja yn teminsten 75 films. Njonken har aktearjen wie se dêrby ek wurksum as senarioskriuwster en regisseur. Hja wûn ferskillende prizen, mei dêrûnder de Venus Award foar bêste Jeropeeske aktrise fan 1997. By de útrikking fan dyseldichste priis, op 6 desimber 1997, kundige se oan dat se har mei koarten út 'e pornoyndustry weromlûke soe. Yn 1998 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har op 'e dyk bejaan koe sûnder werkend te wurden, om dêr in rjochtestúdzje te begjinnen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: