Color Climax Corporation
Color Climax Corporation | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Deensk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio, útjouwerij | |
haadkertier | Kopenhagen (Denemark) | |
oprjochte | 1967 | |
offisjele webside | ||
www.colorclimax.com |
De Color Climax Corporation (CCC) is in Deenske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. It waard oprjochte yn 1967, hoewol't de publikaasje fan pornografysk materiaal yn Denemark pas yn 1969 legaal waard. Oant de njoggentiger jierren wie it ien fan 'e wichtichste produsinten fan Jeropeeske pornografy, mar sûnt is it mei it bedriuw yn it neigean rekke. Om't der lykwols fraach bliuwt nei de eardere útjeften fan 'e CCC, dy't tsjintwurdich oantsjut wurde as "klassike pornografy", funksjonearret it bedriuw ek hjoed de dei noch, benammentlik fia it ynternet, al leit de produksje fan nij materiaal fierhinne stil.
Tydskriften
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De CCC wie fral bekend fanwegen syn pornoblêden, dêr't de bekendste Color Climax en Rodox fan wiene (oaren wiene bgl. Anal Sex, New Cunts en Transexual Love). Doedestiden befetten de publikaasjes fan 'e CCC pornografy fan 'e heechste kwaliteit dy't yn Jeropa beskikber wie. Yn it gefal fan Grut-Brittanje, dêr't pornografy oant 2000 yllegaal wie, waarden de blêden fan 'e CCC ûnder de toanbank troch ferkocht of wiene se yn ôfswakke ferzjes beskikber as sêfte pornografy. De blêden toanden in wiid ferskaat oan Jeropeeske en Amerikaanske pornoaktrises en -akteurs, en de fotorapportaazjes begûnen yn 'e regel mei de spilers hielendal oanklaaid en einigen mei de ejakulaasje fan 'e man (of manlju). Yn 'e midden fan 'e njoggentiger jierren die de CCC syn blêden fan 'e hân oan 'e Dútske studio Silwa, dy't se fuortsette ûnder deselde titels, mar mei eigenprodusearre materiaal. In protte fan 'e foto's binne hjoed de dei noch beskikber fia de webside fan 'e CCC en/of sirkulearje fergees op it ynternet yn striid mei de ynternasjonale copyrightwetjouwing. Tsjin 2006 hie de CCC mear as 140 miljoen eksimplaren ferkocht fan mear as 3.000 ûnderskate boekjes en blêden.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De CCC produsearre nei 1969 ek pornofilms, earst, yn 'e santiger jierren, op 8 mm-film, en letter, fan 'e jierren tachtich ôf, op fideotape. Krekt as foar de blêden makke de CCC ek hjirfoar gebrûk fan 'e tsjinsten fan in wiid ferskaat oan Jeropeeske en Amerikaanske akteurs.
Bernepornografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Denemark legalisearre yn 1969 alle foarmen fan pornografy, ynklusyf bernepornografy, hoewol't de produksje dêrfan as it derop oan kaam yllegaal bleau, mei't minderjierrigen gjin wetlik jildige ynstimming ferliene koene. De Color Climax Corporation wie de earste (mar net de iennichste) filmstudio dy't bernepornografyske films begûn te meitsjen en op relatyf grutte skaal begûn te distribuëarjen. Tusken 1971 en 1979 produsearre de CCC syn Lolita-searje, in rige fan 36 filmkes fan tsien minuten of langer, wêryn't jonge famkes fan tusken de 7 en 11 jier seksuële dieden ferrjochten mei folwoeksen manlju (of inkeld ek wol mei froulju). Doe't oan 'e ein fan 'e jierren santich de noarmen en wearden stadichoan ferskoden, bernepornografy maatskiplik net mear as talitber beskôge waard, en yn 1979 by de wet ferbean waard, hold de CCC op mei de produksje en distribúsje derfan.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |