Springe nei ynhâld

Sascha Alexander

Ut Wikipedy
Sascha Alexander
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Hans Mosher jr.
echte nammeHans Moser
nasjonaliteit Dútsk
berne30 septimber 1944
berteplakHannover (Dútslân)
stoarn2 july 2016
stjerplakHannover (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum asneakenfotograaf, regisseur,
produsint
jierren aktyf70-er jierren – 2000
Dizze side giet oer de Dútske pornoprodusint. Foar de Amerikaanske aktrise, sjoch: Sasha Alexander.

Sascha Alexander, echte namme: Hans Moser (Hannover, 30 septimber 1944 - dêre, 2 july 2016), wie in foaroansteand Dútsk neakenfotograaf, útjouwer fan pornoblêden en pornoprodusint, dy't ferskate jierren lang teffens aktyf wie as regisseur fan pornografyske films. Hy makke ek wol gebrûk fan 'e skûlnamme Hans Mosher jr. Alexander waard benammentlik bekend fia syn filmstudio's, VTO en Sascha Alexander Productions, en fan syn houliken mei de pornoaktrises Teresa Orlowski en Sarah Young. Syn artystenamme wie in grap, mei't "Sascha" in ropnamme is foar lju dy't "Alexander" hjitte, dus eins soe syn namme dan "Alexander Alexander" wêze. Sascha Alexander moat trouwens net betize wurde mei de Amerikaanske mainstream-aktrise Sasha Alexander.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alexander waard berne yn it Noarddútske Hannover, as de âldste soan yn in gesin dat út etnysk Dútske flechtlingen út Roemeenje bestie. Yn 't earstoan leid er him ta op neakenfotografy, en yn 'e 1970-er jierren kaam dêr de útjefte fan pornobledsjes by. Fan 1985 oant 1994 wied er fierders aktyf as regisseur fan pornografyske films, wêrfan't er, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) 82 op syn namme stean hie. Teffens wied er yn deselde snuorje en ek dêrnei noch wurksum as produsint fan pornofilms.

Yn 1981 ûntdiek Alexander fia syn kollega-fotograaf Peter M. Filip de fan oarsprong Poalske Teresa Orlowski, dy't doedestiden as servearster wurke yn in bar yn Duisburg. Troch syn tadwaan waard sy in pornostjer, earst yn blêden en letter ek op film. Yn 1985 trouden Alexander en Orlowski by in seremoanje yn it Amerikaanske Las Vegas. Mids 1980-er jierren wie harren bedriuw Verlag Teresa Orlowski (VTO) frijwol synonym mei de Dútske pornoyndustry. Doe't se lykwols al harren jild yn in grutskalich studiokompleks yn Hannover stieken, dêr't in pornostjoerder wei hiel Jeropa betsjinje moast, mar dêrfoar gjin tastimming fan 'e Jeropeeske Uny krigen, rekke it spul earst saaklik en letter ek op it persoanlik flak yn 'e ûnderwâl. Yn 1989 rûn it houlik úteinlik op 'e klippen, en skieden Alexander en Orlowski.

Begjin 1990-er jierren murk Alexander de doe noch ûnbekende Britske pornoaktrise Sarah Young op, dy't it mei syn help yn 'e midden fan dat desennium ta de ûnomstriden keninginne fan 'e Dútske pornoyndustry skopte. Hja trouden op 13 jannewaris 1991. Ek mei syn eigen studio Sascha Alexander Productions en Sarah Young Communications, dy't er foar syn nije frou oprjochte, hie Alexander yn 'e 1990-er jierren grut súkses. Uteinlik rûn ek syn twadde houlik lykwols op 'e non, wêrnei't it mei Alexander in stikmannich jierren minder gie. Hy besocht om syn keunstke mei Gina Wild nochris te werheljen, mar nei't er foar har it grûnwurk lein hie, makke hja karriêre by oare produsinten. Sûnt likernôch 2000 wie Alexander wat nei de eftergrûn fan 'e Dútske pornoyndustry ferdwûn.

Sascha Alexander kaam op 2 july 2016 yn syn berteplak Hannover te ferstjerren oan in hertynfarkt. Hy waard 71 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.