Springe nei ynhâld

Zara Whites

Ut Wikipedy
Zara Whites
persoan yn de seksyndustry
Zara Whites yn 2019.
Zara Whites yn 2019.
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Zara, Zara White, Paulina Peters,
Amy Kooiman, Amy Kristensen,
Amy
echte namme Esther Kooiman
nasjonaliteit Nederlânsk
Frânsk
berne 8 novimber 1968
berteplak 's-Gravendeel (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf 19901992 & 19981998
offisjele webside
www.zarawhites.com

Zara Whites, echte namme: Esther Kooiman ('s-Gravendeel, 8 novimber 1968), is in Nederlânsk model, dûnseresse, rêstend neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en prostituee, autobiografysk skriuwster, tillefyzjepersoanlikheid, politika en bisterjochte-aktiviste fan Súdhollânsk komôf, dy't ek wol de artystenammen Zara, Zara White, Paulina Peters, Amy, Amy Kooiman en Amy Kristensen brûkt hat.

Zara Whites groeide op yn it doarp 's-Gravendeel, yn 'e Hoekske Waard, besuden Rotterdam. Se makke de middelbere skoalle net ôf en loek by har doetiidske freon yn doe't se 17 jier wie. Dêrnei wurke se as barkeeper en letter as prostituee yn in seksklub. Fia in modelleburo kaam se yn 1989 oan in baan yn Itaalje, dêr't se as topless dûnseresse optrede yn 'e tillefyzjekwis Colpo Grosso. Yn 1990 makke se har debút yn 'e pornografyske film The Challenge, regisearre troch Bruce Seven. Se hie in hoartsje in relaasje mei in Italjaanske greve, mar nei't dat útrekke, ferfear Whites yn 1991 nei Parys, dêr't se as callgirl wurke. Teffens posearre se foar ferskate neakenblêden, lykas de Playboy (hoewol't har foto's úteinlik net yn dat blêd ôfprinte waarden), Penthouse en Hustler. Doe't se posearre foar de Penthouse trof se op 'e set de Italjaanske pornoakteur Rocco Siffredi, dy't har oanrette om it ris yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te besykjen.

Dêrop ferfear Whites nei Amearika, dêr't se binnen koarte tiid in pornofilmstjer waard. Se wurke der û.m. mei regisseurs as John Stagliano ("Buttman") en Andrew Blake. Yn totaal spile se yn 1991 en 1992 yn 22 pornografyske films. Ein 1992 joech se har karriêre as pornoaktrise deroan, en kearde werom nei Parys. Se krige in relaasje mei de Italjaanske pornoakteur Roberto Malone en konsintrearre har op sêft pornografyske rollen, û.m. yn 'e tillefyzjesearje Joy, foar de Frânske stjoerder M6. Yn 1998 makke se in comeback mei de lesbyske hurd pornografyske film La Dresseuse, fan regisseur Alain Payet. Yn totaal hat Whites neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 59 pornofilms spile (sawol hurde as sêfte pornografy ynbegrepen). Yn 2006 ferskynde har autobiografy, titele: Je Suis Zara Whites Mais Je Me Soigne ("Ik Bin Zara Whites Mar Ik Rêd My Wol").

Whites hat fierders meiwurke oan in ferskaat fan Frânske tillefyzjeprogramma's, wêryn't se har ljocht skine litten hat oer sokke ûnderwerpen as polityk, fegetaryske kwisine en bisterjochten. Op 10 july 2007 rûn hja neaken troch Rotterdam by wize fan publisiteitsstunt foar de bisterjochte-organisaasje PETA. Datselde jiers stelde se har kandidaat foar de Frânske ferkiezings, ûnder de namme Esther Spincer. Op 12 jannewaris 2012 stjoerde de TROS in ôflevering fan 'e searje Het Mooiste Meisje van de Klas, presintearre troch Jaap Jongbloed, út oer Zara Whites.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.