Roberto Malone

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Roberto Malone
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Roberto Malone.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Roberto Mallone, Bob Malone,
Robert Malone, Bob Holmes,
Roberto Mei
echte namme Roberto Pipino
nasjonaliteit Flag of Italy.svg Italjaansk
berne 31 oktober 1956
berteplak Turyn (Itaalje)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
reg. identiteit Flag of Piedmont.svg Piëmonteesk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 1970-er jierren – 2011
offisjele webside
roberto-malone.com

Roberto Malone, echte namme: Roberto Pipino (Turyn, 31 oktober 1956), is in rêstend Italjaansk pornografysk akteur en regisseur, dy't inkeldris ek wurke hat as mainstream-akteur. Syn namme wurdt ek wol (mis)stavere as Roberto Mallone, en dêrnjonken hat er wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Bob Malone, Robert Malone, Bob Holmes en Roberto Mei. Malone begûn yn 'e 1970-er jierren mei syn karriêre, en spile yn in grut tal pornofilms. Dêrnjonken regissearre er sels ek twa films. Yn 2011 loek er him nei mear as 35 jier út 'e pornoyndustry werom.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Malone waard yn 1956 berne yn it Noarditaljaanske Turyn, de haadstêd fan 'e regio Piëmont. Fan 'e jierren santich ôf wied er aktyf as akteur yn withoefolle pornofilms, wêrfan't Chiamami (1987) en Joy en Afrique (1991) de bekendste binne. It argyf op syn side fan 'e Internet Adult Film Database (IAFD) giet werom oant 1987 en telt 387 titels. Dêrby wurke er meast foar Jeropeeske labels, lykas de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Sweedske Private en it Dútske Videorama, Magmafilm en Sascha Alexander Productions. Mar ek hat Malone wol yn films spile foar bekende Amerikaanske studio's, wêrûnder VCA Pictures, Evil Angel, Wicked Pictures en Sin City.

Under syn lange wurkpaad hat Malone gearwurke mei akrises as Nikki Anderson, Erika Bella, Dru Berrymore, Anita Blond, Dolly Buster, Tabatha Cash, Julia Chanel, Channone, Vivienne Clash, Monique Covét, Ivy Crystal, Rita Faltoyano, Jeanna Fine, Tanya Hansen, Joy Kiss, Mafalda, Kate More, Victoria Paris, Moana Pozzi, Olivia del Rio, Karma Rosenberg, Kristina Schwartz, Kelly Stafford, Ilona Staller (Cicciolina), Zara Whites, Gina Wild en Sarah Young.

Njonken syn aktearwurk hat Malone twa films sels regissearre: Tutto su Mio Marito, út 2000, en Sex Out of Limits, út 2010. Fierders hied er in lyts roltsje yn 'e kontroversjele mainstream-film Romance X, út 1999, fan 'e Frânske regisseur Catherine Breillat. Yn 'e 1990-er jierren wie Malone in lyts hoartsje troud mei de Nederlânske pornoaktrise Zara Whites. Op 't heden is er troud mei de Hongaarske pornoaktrise Eva Falk. Yn 2011 loek Malone him nei mear as 35 jier út 'e pornoyndustry werom. Syn soan Andrea Malone en dy syn frou Nilia Mendez, in Kubaanse, spilen tusken 2009 en 2011 tegearre ek yn trije pornofilms.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn
2002 FICEB Ninfa Award wûn oeuvrepriis n.f.t.
2004 FICEB Ninfa Award wûn bêste byrol fan in akteur I Racconti Erotico della Cripta di Zio Tibia
Urban X Award wûn bêste akteur (Itaalje) n.f.t.
2005 FICEB Ninfa Award wûn bêste akteur Sex Mistere
2008 FICEB Ninfa Award wûn spesjale sjuerypriis n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.