Tanya Hansen

Ut Wikipedy
Tanya Hansen
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tanja Karina Hansen
nasjonaliteit Noarsk
berne 11 septimber 1973
berteplak Jessheim (Noarwegen)
etnisiteit Noarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, produsinte
jierren aktyf 19962004
offisjele webside
gjint

Tanya Hansen, echte namme: Tanja Karina Hansen (Jessheim, 11 septimber 1973), is in rêstend Noarsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoprodusinte, dy't berne is yn it plakje Jessheim, yn it distrikt Åkershus. Se wurdt beskôge as de earste Noarske pornostjer en is yn har heitelân tige ferneamd (ferlykber mei Cicciolina yn Itaalje of Kim Holland yn Nederlân)

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't hja de middelbere skoalle ôfmakke hie, ferfear hja nei de Noarske haadstêd Oslo, dêr't hja optrede yn stripklubs en al rillegau ek posearre foar ûnderskate neakenblêden, sawol Noarske as bûtenlânske. Har earste ynternasjonale bekendheid krige se yn 1996 mei in fotorapportaazje yn it Amerikaanske blêd Busty Beauties, in susterútjefte fan Larry Flynt syn Hustler. Datselde jiers makke Hansen teffens har debút yn in pornografyske film, wêrnei't se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn 13 pornofilms spile oant se har yn 2004 weromloek út 'e pornoyndustry.

Yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich wenne hja in hoart yn Spanje en Sweden, mar letter kearde se werom nei Noarwegen, dêr't se har nei wenjen sette yn it Eastnoarske Halden. Njonken har aktear- en posearwurk wie se yn dyselde snuorje ek wurksum as produsinte fan pornofilms en as redakteur fan twa Noarske pornobledsjes, Lek en Cocktail. Yn 1999 presintearre se it programma Opptur op 'e Noarske radiostjoerder NRK P3.

Nei't se yn 2004 stoppe wie mei har wurk as pornoaktrise, iepene se in eigen kleanbûtyk, Paparazzi, yn it winkelsintrum Tista oan 'e rivier de Tista, yn Halden, en dêrnjonken de online-winkel Fashion Diva. Se ferskynde ek yn advertinsjes yn kranten en tydskriften en yn reklamespotsjes op 'e tillefyzje foar it Noarske telekombedriuw Telenor.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2001 Venus Award wûn bêste Jeropeeske aktrise n.f.t.
2003 Venus Award wûn bêste aktrise út Skandinaavje n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.