Kristina Schwartz

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kristina Schwartz
Kristina Schwartz.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Krisztina Schwartz, Kristie,
Kristina Swarcz, Kristina Black,
Christina Black
echte namme  ?
nasjonaliteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
berne 11 febrewaris 1975
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19951999
offisjele webside
gjint

Kristina Schwartz, echte namme ûnbekend (Boedapest, 11 febrewaris 1975), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har skûlnamme oft ek wol stavere wurdt as Krisztina Schwartz of Kristina Swarcz, en dy't ek wol wurke hat ûnder de artystenammen Kristina Black, Christina Black en Kristie. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.63 m, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 34B.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schwartz waard yn 1975 berne yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Hja waard yn 1995 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja yn 1996, mei 21 jier, har debút yn in pornografyske film makke. Schwartz spile dêrnei yn in fyftjintal films foar de Sweedske Private-studio, wêrfan't de bekendsten diel 1 en 2 fan The Pyramid-trilogy wiene, út 1996, ûnder rezjy fan Woodman, en diel 1 en 2 fan Summer Wind, út 1997, ûnder rezjy fan François Clousot.

Fierders spile Schwartz ek yn 5 dielen fan Private Triple X, 3 dielen fan Private Stories en yn Private Castings X 14. Behalven foar Private wie Schwartz ek ferskate kearen yn 't spier foar oare pornografyske filmstudio's, wêrûnder it Italjaanske FM Video en sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Wicked Pictures en Anabolic Video. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) wurke hja yn totaal mei oan 19 pornofilms foar't hja har yn 1999 út 'e pornoyndustry weromloek.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: