Erika Bella

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Erika Bella
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Erika Bella.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Erica Rouge, Erika Lamour,
Erica Rakoscy, Erika Stone,
Erica Stone, Erica Red,
Erica Rackoscy
echte namme Erika Rokoscy
nasjonaliteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
berne 23 augustus 1972
berteplak ? (Hongarije)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19942005
offisjele webside
www.erikabellaxxx.com

Erika Bella, echte namme: Erika Rokoscy (23 augustus 1972), is in earder Hongaarsk model, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan oare artystenammen, yn 't bysûnder Erica Rouge, mar ek wol Erika Lamour, Erica Rakoscy, Erika Stone, Erica Stone, Erica Red en Erica Rackoscy. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre se 1.65 m, mei in gewicht fan 54 kg en kupmaat 36D.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Erika Bella waard yn 1972 berne yn Hongarije. Nei't in kammeraatske har mei in fotograaf yn 'e kunde brocht hie, sette se mei in jier as tweintich útein mei it dwaan fan modellewurk. Se begûn al rillegau ek as neakenmodel te wurkjen, en waard doe "ûntdutsen" troch pornoregisseur Christoph Clark. Yn 1994, doe't se 22 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Virgin Treasures, fan it Sweedske Private-label. Dy film, dy't yn 1995 útkaam en wêrfoar't Bella de skûlnamme Erica Rouge brûkte (fanwegen har reade hier), waard opnommen op 'e Amerikaanske Famme-eilannen (yn it Ingelsk Virgin Islands; dêrfandinne de titel). Neitiid ferskynde se ek fjouwer kear yn it Private Video Magazine, en letter wurke se in protte yn Itaalje, dêr't se beskôge wurdt as ien fan ferskate Hongaarske aktrises dy't holpen hawwe om 'e Italjaanske pornoyndustry op poaten te setten.

Fan 1994 oant se yn 2005 ophold mei har aktearwurk spile Bella neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 116 pornofilms. Dêrby wurke hja û.m. foar it Sweedske Private, de Italjaanske studio's Mario Salieri Entertainment Group en Grand'Idea, it Frânske Vidéo Marc Dorcel en Nanou, it Nederlânske Helen Duval Entertainment en Amerikaanske labels as Anabolic Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment en Elegant Angel. Se ûntjoech har mids jierren njoggentich ta ien fan 'e populêrste pornostjerren fan Jeropa, en wûn yn 1996 in AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry). Nei't se har yn 2005 weromlutsen hie as pornoaktrise, sette se lykwols har karriêre as stripper yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest fuort.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1996 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (mei ferskate oaren) World Sex Tour

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.