Springe nei ynhâld

Simone Horváth

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Simone Horvath)
Simone Horváth
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Simone, Barby
echte namme Simone Horváth
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 9 july 1977
berteplak ûnbekend (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19951996
offisjele webside
gjint

Simone Horváth (yn Hongarije, 9 july 1977) is in rêstend Hongaarsk pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Barby. Hja sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Yn 1996 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

Horváth waard yn 1977 earne yn Hongarije berne. Se waard yn 1995 by in audysje ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, doe't dy yn Hongarije op 'e sneup wie nei nij talint. Datselde jiers noch makke hja mei 18 jier har debút yn ien fan syn pornografyske films, in produksje fan 'e Sweedske Private-studio.

Yn totaal spile Horváth neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn har twa jier duorjende karriêre as pornoaktrise yn in achttal films, dy't sûnder útsûndering troch Private produsearre waarden. Dêrby wurke hja gear mei manlike tsjinspilers as Alain Deloin, Nick Lang, Richard Langin, Jean-Yves Lecastel en Philippe Soine.

Horváth har bekendste film wie Cape Town 2, regisearre troch Woodman. Fierders spile se ek yn fiif ôfleverings fan 'e Private Triple X-searje, ien diel fan 'e rige Private Stories, en de yn 1997 útbrochte audysjefideo Private Castings X 4, wêryn't sabeare Horváth har alderearste audysje fêstlein wie. Yn 1996 loek hja har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

Simone Horváth is blank, mei blauwe eagen en brún of dûnkerblond hier, dat se yn 'e film Cape Town 2 swart ferve hie. Oer har lingte, gewicht en kupmaat binne gjin gegevens bekend, mar yn elts gefal hie Horváth gjin boarstfergrutting ûndergien.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: