Arwen Gold

Ut Wikipedy
Arwen Gold
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alyona Kostina, Betty
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Russysk
berne 27 april 1992
berteplak Sint-Petersburch (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2015 – no
offisjele webside
Arwen Gold op Facebook

Arwen Gold, echte namme ûnbekend (Sint-Petersburch, 27 april 1992), is in Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Alyona Kostina en Betty. Gold sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e ynternasjonale pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films, foar it meastepart yn Jeropa, mar ek wol yn 'e Feriene Steaten.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arwen Gold waard yn 1992 berne yn Sint-Petersburch, yn it noardwesten fan Jeropeesk-Ruslân. Yn 2015, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as fyftich films spile, al moat dêrby oantekene wurde dat de IAFD in Amerikaansk-oriïntearre database is, dêr't inkeld bûtenlânske produksjes yn opnommen wurde ynsafier't dy yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne. It wiere tal films dêr't Gold yn spile hat, sil sadwaande nei alle gedachten heger lizze.

Yn elts gefal hat Arwen Gold yn Jeropa wurke foar filmstudio's as it Sweedske Private, it Dútske Magmafilm en it Nederlânske Video Art Holland. Oare kant de Atlantyske Oseaan hat se yn 't spier west foar labels as Evil Angel, Wicked Pictures en Girlfriends Films. Under har karriêre hat Gold gearwurke mei kollega-aktrises as Blanche Bradburry, Henessy en Luna Rival, en mei manlike tsjinspilers as Erik Everhard en Rocco Siffredi.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arwen Gold is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.72 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 32C. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se op it mêd fan piercings inkeld in nâlpiercing. Tatoeaazjes hat se hielendal net.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: