Video Art Holland

Ut Wikipedy
Video Art Holland B.V.
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
útjouwerij
haadkertier Heemskerk (Noard-Hollân)
oprjochte ±1990
fuortk. út Club Seventeen
offisjele webside
www.videoartholland.nl

Video Art Holland B.V., soms ôfkoarte ta VAH, is in Nederlânske pornografyske filmstudio en útjouwerij fan pornoblêden dy't fêstige is yn Heemskerk. It bedriuw is faaks better bekend ûnder de namme fan syn wichtichste ymprint, Club Seventeen. De publikaasjes fan VAH binne benammen populêr yn Nederlân, Dútslân (dêr't se distribuëarre wurde troch it Dútske label Videorama, fêstige yn Essen) en yn Grut-Brittanje. De skaaimerken fan 'e produkten fan VAH binne solitêre, lesbyske of heteroseksuële pornografy mei jonge modellen (no ornaris tusken de 18 en 20 jier, foarhinne jonger).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oprjochting fan VAH waard foarôfgien troch de útjefte fan it blêd Chick, fan 1968 ôf, dat benammentlik in medium wie foar seksueel tinte kontaktadvertinsjes, letter folge troch it pornobledsje Chick Extreme. Fan 1975 ôf kaam dêr as konkurrint it blêd Seventeen by, wêrfan't de namme tsjutte op 'e âldens dy't de modellen by foarkar hawwe moasten. Yn Nederlân lei de minimumâldens foar meidwaan oan pornografy doedestiden nammentlik by sechstjin jier, wat trouwens swierrichheden opsmiet by distribúsje fan VAH-films yn it bûtenlân, mei't dêr de minimumâldens yn 'e regel by de achttjin jier lei. Seventeen wie sadwaande ferbean yn bgl. de Feriene Steaten. Yn 'e tachtiger jierren begûn Seventeen ek oare pornoblêden út te jaan, en fan 1986 ôf produsearre it teffens fideo's. Dêrby waard de foarkar jûn oan amateurpornografy boppe de profesjonele of semy-profesjonele porno dy't de measte produsinten op 'e merk brochten. Gauris wiene de manlike akteurs feitliks de freonen fan 'e modellen.

Tsjin 'e njoggentiger jierren hie Seventeen himsels omneamd ta Club Seventeen, in namme dêr't de measte útjeften ûnder beflapt waarden. Boppedat wiene doe ferskillende susterûndernimmings dy't foarhinne ûnder nammen as Profil en Scala operearre hiene, mei Club Seventeen ûnderbrocht yn it bedriuw Video Art Holland B.V. Fan 'e ein fan 'e njoggentiger jierren ôf waard allinnich noch mar wurke mei mearderjierrige modellen, mei't Nederlân doe yn it ramt fan 'e "harmonisaasje" fan wetten fan lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny de minimumâldens foar meidwaan oan pornografy ferhege ta achttjin jier.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.