Marica Hase

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marica Hase
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Marica Hase.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Marika Hase, Marika, Marianne,
Hasemari
echte namme 長谷真理香, "Hase Marika"
nasjonaliteit Flag of Japan.svg Japansk
berne 29 oktober 1984
berteplak Tokio (Japan)
etnisiteit Flag of Japan.svg Japansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
pure-marika.com

Marica Hase, echte namme: 長谷真理香, Hase Marika (yn it Japansk stiet de efternamme foaroan) (Tokio, 29 oktober 1984), is in Japansk glamourmodel, neakenmodel, fetysjmodel, pornografysk aktrise en mainstream-aktrise, dy't ek wol koartwei bekendstiet as Marika (まりか of 茉莉香). Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Marianne en Hasemari.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marica Hase is hikke en tein yn 'e Japanske haadstêd Tokio, en sette yn 2007 útein mei in karriêre as gravueremodel, in spesifyk soarte fan Japansk glamourmodel. Yn 2008 publisearre se in fotoboek mei neakenfoto's fan harsels. Yn desimber 2009, doe't se 25 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Actual Gravure Idol x AV Debut, foar de studio Soft on Demand (SOD). Nei't se dêr ferskate dvd's útbrocht hie, stapte Hase oer nei it EROTICA-label. Yn totaal spile se yn sa'n 200 Japanske pornofilms, al binne dêrby sammel-dvd's en werútbrochte ferzjes meiteld.

Ein maart 2012 kundige Hase oan dat se fan doel wie om oersee te gean. It is tige seldsum dat Japanske pornoaktrises yn it bûtenlân wurkje, sawol fanwegen de taalbarriêre as om't der suver gjin konneksjes besteane tusken pornoyndustry yn Japan en dy yn 'e rest fan 'e wrâld. Likegoed ferfear Hase letter dat jier nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dêr makke se in goede start doe't se yn jannewaris 2013 as Pet of the Month yn it ferneamde neakenblêd Penthouse stie. Hoewol't se yn Japan noch altyd ûnder de namme "Marika" wurket, besleat se om foar har wurk yn Amearika de stavering te feringelskjen ta "Marica". Har namme wurdt lykwols noch gauris ferhaspele ta Marica Haze, Mirika en sels Marica Maze, en dêr hat hja op har blôch har beklach oer dien.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Hase ûnderwilens bûten Japan yn mear as 50 pornofilms spile, foar it meastepart foar sokke foaroansteande studio's as Evil Angel, Jules Jordan Video, Elegant Angel, West Coast Productions, Digital Sin en Adam & Eve. Ek hat se wurke foar guon Jeropeeske studio's, lykas de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Fierders hat Hase ek aktyf west foar pornosites as Brazzers, Kink.com en Mofos.

Yn har heitelân Japan is Hase fierders ek wurksum as mainstream-aktrise. Sa hie se de haadrol yn 'e horrorfilm Daredemo Yokata (All Night Long), út 2009, fan regisseur Katsuya Marsumura.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Henessy en Ian Scott) Fashionable Fuckers

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.