Henessy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Henessy (pornografysk aktrise))
Henessy
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alina, Alina Henessy, Anika,
Deborah Banks, Ennessi,
Henessey, Henessy A., Kiola,
Cosette Ibarra, Maddy,
Madeline, Madlen, Mallery,
Orianna, Penelope, Sophia,
Lena Piterskaja, Sveta
echte namme Alina Eremenko
nasjonaliteit Russysk
berne 15 novimber 1989
berteplak Komsomolsk o/d Amoer (Rusl.)
etnisiteit Ruslân
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
gjint

Henessy, echte namme Alina Eremenko, (Komsomolsk oan de Amoer, 15 novimber 1989), is in Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Russysk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Alina, Alina Henessy, Anika, Deborah Banks, Ennessi, Henessey, Henessy A., Cosette Ibarra, Kiola, Maddy, Madeline, Madlen, Mallery, Orianna, Penelope, Lena Piterskaja, Sophia en Sveta. Henessy sette yn 2009 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2015 wûn se in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld).

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henessy waard yn 1989 berne yn Komsomolsk oan de Amoer, yn it Fiere Easten fan Sibearje. Yn 2009 makke se mei tweintich jier har debút yn in pornografyske film. Neitiid lei se har ferskate jierren benammen ta op it meitsjen fan lolitapornografy. Henessy wurke sawol yn 'e Jeropeeske as yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn Jeropa wie se aktyf foar û.m. it Nederlânske Video Art Holland, it Dútske Magmafilm, it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Sweedske Private en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Yn 'e Feriene Steaten wurke se foar sokke foaroansteande studio's as Evil Angel, New Sensations, Digital Sin en Girlfriends Films.

Dêropta wie Henessy ek gauris yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Reality Kings. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) tusken 2009 en ein 2016 yn mear as 150 pornofilms. Yn 2015 wûn Henessy yn 'e mande mei Samantha Bentley en de Italjaanske pornostjer Rocco Siffredi de (Amerikaanske) AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) foar bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje. Dêrnjonken posearre se, benammen yn 'e begjinjierren fan har karriêre, ek geregelwei as neakenmodel foar neaken- of pornoblêden, lykas de Nederlânsktalige útjeften Chick en Seventeen, dy't útbrocht wurde troch Video Art Holland.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henessy is blank, mei brune eagen en brún of dûnkerblûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.61 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en in natuerlike kupmaat 33C. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, mar wol hat se twa tatoeaazjes, ien fan in hagedis yn har lofterljisk en ien fan in skorpioen op 'e rêch, tusken har skouderblêden.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Marica Hase en Ian Scott) Fashionable Fuckers
2015 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Samantha Bentley en Rocco Siffredi) Perfect Slaves 2

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: