Springe nei ynhâld

Komsomolsk oan de Amoer

Ut Wikipedy
Komsomolsk oan de Amoer
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Kraj Chabarovsk
Rajon Komsomolsk
Sifers
Ynwennertal 239.386 (2022)
Oerflak 325,1 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 736,35 ynw./km²
Hichte 47 m (sintrum)
Oar
Stifting 1932
stedsstatus yn 1933
Tiidsône UTC+10
Koördinaten 50° 34' N 137° 0' E
Webside Offisjeel webstee

Komsomolsk oan de Amoer (Russysk: Комсомольск-на-Амуре, sekuere transliteraasje: Komsomoľsk-na-Amurje) is in Russyske havenstêd oan it Baikal-Amoerspoar yn it fiere easten fan Ruslân yn de kraj Chabarovsk oan de lofterigge fan de Amoer op 365 kilometer noardeastlik fan Chabarovsk. De stêd is it kulturele sintrum fan de krite mei ynstellingen foar heger ûnderwiis, museä en in teäter.

De omkriten fan de stêd hearden eartiids oan it Sineeske keizerryk. Yn 1858 kaam er by Ruslân troch it Ferdrach fan Aigun.

It plak waard stifte troch leden fan de Komsomol yn 1932. It plak ûnjoech him ta yndustrystêd mei as wichtichste ekonomyske sektoaren de izermetallurgy, masinebou, ierdoaljebewurking, lichte yndustry, fiedselproduksje en skipsbou. De stêd hat it fleanmasinefabryk Soechoj en Rosneft, de meast eastlike oaljeraffinaderij fan Ruslân.

Untjouwing befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwennertal
1939 70.808
1959 177.278
1970 218.127
1979 263.950
1989 315.325
2002 281.035
2010 263.906
2022 239.386

Berne yn Komsomolsk oan de Amoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It plak fan Komsomolsk o/d Amoer yn Ruslân