Erica Fontes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Erica Fontes
Erica Fontes.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erica Fontes
nasjonaliteit Flag of Portugal.svg Portegeesk
berne 14 maaie 1991
berteplak Lissabon (Portegal)
etnisiteit Flag of Portugal.svg Portegeesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
erica-fontes.com

Erica Fontes (Lissabon, 14 maaie 1991), is in Portegeesk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't nei eigen sizzen (op har webside) de iennichste profesjonele pornoaktrise út har heitelân is. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 50 kg.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fontes is hikke en tein yn 'e Portegeesk haadstêd Lissabon. Se makke har debút yn 'e pornografyske film Diario Sexual de Maria yn july 2009, doe't se achttjin jier wie. Datselde jiers noch stie se op 'e eroatyske ekspo Salão Erótico de Lisboa. Yn 2010 briek se troch yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Se hat ûnderwilens neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 60 pornofilms spile, foar labels as Digital Sin, Hustler, Evil Angel, New Sensations, Woodman Entertainment, Jules Jordan Video en West Coast Productions. Dêrnjonken wurke se ek foar websiden as BangBros, BlacksOnBlondes en NaughtyAmerica. Se stiet derom bekend dat se ynterrasiale pornografy net út 'e wei giet.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 Galaxy Award nominearre bêste pornoaktrise fan it jier n.f.t.
2013 Xbiz Award wûn bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.