Sharon Lee (pornografysk aktrise)
Sharon Lee | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Sharone Lee, Sharon | |
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 2 augustus 1988 | |
berteplak | ? (Frankryk) | |
etnisiteit | Fjetnameesk Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise, escort | |
jierren aktyf | 2009 – 2020 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Sharon Lee, echte namme ûnbekend (2 augustus 1988), is in rêstend Frânsk neakenmodel en pornografysk aktrise en prostituee fan Fjetnameesk en Frânsk etnysk komôf. Yn it ferline hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Sharone Lee en Sharon.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lee is hikke en tein yn Frankryk en waard yn 2009 ûntdutsen troch pornoregisseur en -produsint Pierre Woodman. Neitiid wurke hja ferskate jierren fral foar it Sweedske Private-label en foar Woodman syn eigen studio, Pierre Woodman Entertainment, foar't hja úteinlik de grutte plasse oerstiek om in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry nei te stribjen.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Lee ûnderwilens yn mear as 50 pornografyske films spile. Dêrby wurke se yn Amearika û.m. foar sokke foaroansteande labels as Pure Play Media, Evil Angel, Third Degree Films, Adam & Eve, Jules Jordan Video, Elegant Angel en Hustler Video. Teffens hat se in protte foar pornosites as BangBros en Brazzers yn 't spier west. Neffens har offisjele opjefte is Sharon Lee 1.70 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 40C.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sharon Lee
-
opnamen foar de film Dis-moi que tu m'aimes
-
Liza Del Sierra (l.) en Sharon Lee (rj.)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografy en filmografy fan Sharon Lee yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Sharon Lee yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |