Jureka del Mar

Ut Wikipedy
Jureka del Mar
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Taisk
berne 27 maart 1994
berteplak ? (Tailân)
etnisiteit Taisk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise, escort
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
Jureka del Mar op Twitter

Jureka del Mar, echte namme ûnbekend (yn Tailân, 27 maart 1994), is in Taisk neakenmodel, pornografysk aktrise en prostituee. Hja sette yn 2016 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jureka del Mar waard yn 1994 berne yn Tailân. Oer har jonkheid is frijwol neat bekend. Yn 2016, doe't se 22 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se ein 2018 yn mear as 35 films spile, al moat dêrby oantekene wurde dat de IAFD in Amerikaansk-oriïntearre database is, dêr't inkeld bûtenlânske produksjes yn opnommen wurde ynsafier't dy yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne. It wiere tal films dêr't Del Mar yn spile hat, sil sadwaande nei alle gedachten heger lizze. Del Mar hat benammen foar de Jeropeeske filmstudio LegalPorno wurke, mar ek wol foar it Amerikaanske label Evil Angel. Under har karriêre hat se û.m. gearwurke mei kollega-aktrises as Tiffany Doll, Gina Gerson en May Thai.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jureka del Mar is mongolide, mei grize eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 58 kg, en in natuerlike kupmaat. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se piercings troch beide spiennen, beide skamlippen, har klitoris en it tuskenskot fan har noas. Se sit fierders ûnder de tatoeaazjes. Sa hat se ien fan kersen (fruchten) tusken har boarsten; in Medusakop op har búk; twa stjerren oan wjerskanten fan har boppebúk; ferskate stjerren op har rjochterheup; de tekst Exclusive op har lofterheup; de tekst Premium Quality rjochts ûnderoan har búk; flinters op 'e efterkant fan har lofterboppeskonk; in gesicht op 'e efterkant fan har rjochterboppeskonk; de tekst Cream op har rjochterstút; ferskate lytsere tatoeaazjes op har rêch; en gruttere ûntwerpen oan 'e binnenkant fan har rjochterboppeskonk en op har rjochterside.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: